Fryslân DOK - Fan bûgjen frjemd?

16 jun 2015 - 13:31

Fryslân DOK op snein 28 juny

Wat makket immen in echte Fries? Yn in wrâld dy’t rap globalisearret, wurdt ús identiteit bleatsteld oan feroarings. Friezen hawwe in taal en in folksliet, mar wat is de aard fan de Friezen? De jonge sjoernalist Timo Jepkema giet yn dizze Fryslân DOK op syk nei it geheim fan de sterke identiteit fan de Friezen. Klopje de stereotipen?

Om dat út te finen praat Jepkema ûnder oaren mei Rob du Jardin, in Switser dy’t Fries wurden is, en de Amerikaan Greg Shapiro dy’t Friezen as gjin oar wit te typearjen. Ek moetet er in man dy’t yn ‘e sel sitten hat om’t er op ‘e barrikaden klom foar de Fryske frijheid. En heechlearaar Goffe Jensma krijt de fraach: “Bestiet dè Fries eins?”

In oare fraach is: hoe fier geane minsken om har sterk te meitsjen foar de Fryske identiteit? De takomst fan Omrop Fryslân, ien fan de kultuerdragers fan de Fryske identiteit, is ûnwis no’t de stjoerder op bestjoerlik nivo gearfoegje moat mei RTV Drenthe en RTV Noord. Hoefolle is dy identiteit dan noch wurdich?

Mear ynformaasje en de trailer fan de dokumintêre ‘Fan bûgjen frjemd?’ is te finen op de webside friezen.wordpress.com

Fryslân DOK: Fan bûgjen frjemd?
Snein 28 juny om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 27 juny om 15.40 oere en snein 28 juny om
12.25 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei programmamakker Timo Tjepkema: tel. 06 2627 9178 of de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)