Fryslân DOK - Dreamen en Twifels

21 maaie 2015 - 13:23

Fryslân DOK op snein 31 maaie

Marike van Dijk (1982) is hikke en tein yn it lytse doarpke Wikel yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Mei in Olympysk reedrider (Jappie van Dijk) as heit sit it trochsetten har yn it bloed. Doe’t se alve jier wie, kaam Marike foar it earst yn kontakt mei de saksofoan. No, 22 jier letter, libbet se as profesjoneel komponiste en saksofoniste yn New York.

Op snein 5 april fan dit jier presintearre se har nije cd yn it Shapeshifterlab yn New York.
Mei in alvekoppige band hat se har eigen komposysjes opnaam ûnder de namme ‘The Stereography Project’. Mei har nije album nimt Marike yn de ynternasjonale jazzsêne in folslein eigen plak yn.

Yn Fryslân DOK folget programmamakker Halbe Piter Claus it Fryske talint yn de oanrin nei har release party yn New York. Hoe is it libben as saksofoniste yn Amearika en bringe har dreamen ek twifels mei har mei?

Fryslân DOK: Dreamen en Twifels
Snein 31 maaie om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 30 maaie om 15.35 oere en tongersdei 4 juny om
14.15 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)