Fryslân DOK dokumintêres op twa filmfestivals yn Italië

29 nov 2019 - 15:43

Twa dokumintêres fan Omrop Fryslân út de Fryslân DOK searje 'De grinzen fan Europa' binne te sjen op twa ferskillende festivals yn Italië. Op sneon 30 novimber lit minderhedefestival Suns Europe yn de stêd Udine 'Feroaring yn 'e loft' sjen. Dy dokumintêre giet oer de Val d'Aran yn de Pyreneeën, it meast noardwestlike stikje fan Kataloanië. It programma is yn Udine te sjen mei ûndertitels yn it Ingelsk.

Op 5 desimber wurdt op it Babel Filmfestival op Sardinië de dokumintêre 'Kjeld yn 'e loft' fertoand, oer de Sámi yn it noarden fan Sweden. Spesjaal foar de fertoaning yn de Sardyske haadstêd Cagliari is it programma troch de organisaasje fan it festival foarsjoen fan ûndertitels yn it Italiaansk.

It twajierlikse Babel Filmfestival rjochtet him op films en dokumintêres yn minderheidstalen. It festival hat dit jier mei-inoar sân dokumintêres selektearre út Italië, Spanje, Frankryk en Fryslân. It is foar it earst dat it Babel Filmfestival in film of dokumintêre út Fryslân yn it programma opnommen hat. De fertoaning fan de dokumintêres is in kompetysje. Der kin sawol in sjuerypriis as in publykspriis wûn wurde. De beskikbere prizen wurde op sneon 7 desimber útrikt op in grutte gala-jûn.

De grinzen fan Europa - teloarstelling oer de EU
Yn 'De grinzen fan Europa' ûndersocht Fryslân DOK yn de moannen foar de Europeeske ferkiezings hoe't trije útienrinnende Europeeske minderheden tsjin de Europeeske Uny oansjogge. De programmamakkers wiene yn Plovdiv, Bulgarije te gast by de Roma; fierwei de grutste, mar ek de earmste minderheid fan Europa. 'Kjeld yn 'e loft' giet oer de Sámi yn Sweden. Sy binne minderheid yn eigen streek en sjogge hieltyd minder romte foar de eigen tradisjonele libbenswize mei rindieren. De lêste ôflevering giet oer de Val d'Aran op de grins fan Frankryk en Spanje, in minderheid yn in minderheid. Dy lytse Araneeske minderheid is tagelyk iepen nei nijkommers én suksesfol yn it bewarjen en stimulearjen fan de eigen taal en kultuer.

Yn alle trije ôfleveringen registrearre Fryslân DOK mear teloarstelling oer de Europeeske Uny as entûsjasme. De Europeeske Uny fan no is der mear foar de lidsteaten as foar de boargers, sa is it gefoel. De trije dokumintêres binne makke troch kameraman Jan Bensliman, sjoernalist Onno Falkena en regisseur Bart Kingma. De Fryslân DOK searje 'De grinzen fan Europa' wurdt yn de earste wiken fan 2020 op 'e nij troch útstjoerd op NPO2 en Omrop Fryslân.


Noat foar de redaksje
Bronfermelding ôfbyldingen: Omrop Fryslân.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 of mk@omropfryslan.nl.

(advertinsje)