Fryslân DOK - De wrâld fan 15 heech

11 okt 2016 - 11:39

Byldzjend keunstner Sjoerd de Vries (75) wurdt sjoen as de wichtichste hjoeddeiske skilder fan Fryslân. Museum Belvédère yn Oranjewâld lit dizze hjerst in grut oersjoch fan syn wurk sjen.

Alle dagen nimt er moarns om 5.00 oere de trein fan Ljouwert nei It Hearrrenfean. Yn ien fan de Muntflats dêr, op 15 heech, is syn atelier. De hechte struktuer fan dy deistige rûtine hâldt him oan it wurk en yn libben.

As ien fan syn fêste fertrouwelingen kriget publisist Susan van den Berg tagong ta syn atelier en syn mânske persoanlike argyf. Ek kriget se fan him tastimming om syn biografy te skriuwen. Se speurt nei ûnbekend wurk, fergetten kontakten en ferburgen ferhalen en wit sa ûnferwachte ferbiningen bleat te lizzen tusken syn wurk en syn libben.

It smyt in byld op fan in like balstjurrige as gefoelige ienling, dy’t himsels soms yn syn hertstochten ferlear en in soad leed oer himsels ôfrôp. Hy trochstie, trochlibbe en oerlibbe; syn ûnderfiningen fûnen dêrby djipgong yn syn portretten, neakens en lânskippen.

Fryslân DOK: De wrâld fan 15 heech
Snein 23 oktober fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 22 oktober om 15.30 oere en snein 23 oktober om 13.05 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

(advertinsje)