Fryslân DOK - De slach om de Sionsberg

12 feb 2015 - 14:48

Fryslân DOK op snein 22 febrewaris 2015

Op inisjatyf fan de befolking komt der yn 1956 in sikehûs yn Dokkum, de Sionsberg. Mar hast fyftich jier letter giet it streeksikehûs fallyt as gefolch fan nije regeljouwing yn de soarch. It fallisemint komt hurd oan by de meiwurkers en de ynwenners fan Noardeast-Fryslân.

Wa hie tocht dat in sikehûs fallyt gean kin? Minsken reagearje ferslein as it ûnferwachte dochs bart. Mar al gau wurde de skouders derûnder set foar in trochstart. Op 17 jannewaris is der in grutte diskusjedei oer de takomst fan de soarch yn de regio.

Fryslân DOK folget de ûntwikkelingen fan dy dei ôf. Sintraal steane ferpleechkundige Janna Pool en spesjalist Maurice van Hillo, beide sawat tweintich jier wurksum foar de Sionsberg. De dokumintêre sketst de histoarje en de takomst fan it lytste sikehûs fan Nederlân.

Fryslân DOK: De slach om de Sionsberg
Snein 22 febrewaris om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 21 febrewaris om 15:35 en snein 22 febrewaris om
12.25 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)