Fryslân DOK - De passy fan Abbegea

15 mrt 2016 - 12:52

De Fryslân DOK ‘De passy fan Abbegea’ fertelt it ferhaal fan in bysûnder barren op 3 april 1942. Op dy dei waard yn Abbegea de Matthäus Passion útfierd troch in lyts doarpskoar sûnder ûnderfining.

Dat barren soe letter fan grutte ynfloed wêze op de oanwêzigen en in lettere generaasje musisy. Dirigint Gerben van der Veen (Heech, 1956) is ien fan dy minsken. Syn âlden songen yn 1942 beiden yn it koar. It stik soe it muzikale hert fan harren houlik en húshâlding wurde.

In lytse mienskip dy’t yn oarlochstiid de geast en krêft fynt om sa’n dreech Dútsk stik op te fieren; it sprekt Van der Veen sa ta de ferbylding dat hy 74 jier letter op syk giet nei de muzikale woartels fan syn famylje en fan himsels. It ferhaal oer it muzikale DNA fan Abbegea: op syk nei in ûnderfining dy’t trije generaasjes fierder noch trochklinkt yn de famyljeskiednis en de rike koartradysje fan Fryslân.

Fryslân DOK: De passy fan Abbegea
Snein 27 maart fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 26 maart om 15.30 oere en snein 27 maart om 13.00 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)