Fryslân DOK: De dreamen fan ‘Jan Mesyntsje’

29 mrt 2021 - 15:32

Jan K. Elzinga (1882-1947) út Sumar luts yn it begjin fan de foarige iuw yn it hiele lân in soad besjen mei syn selsboud meganysk keunstwurk, dat Salomo's rjochtspraak ferbylde. Syn libbenswurk is no yn Museum Martena yn Frjentsjer te bewûnderjen. Yn stilstân, want it kwetsbere meganyk spilet net mear. Fryslân DOK fertelt it ferhaal fan 'Jan Mesyntsje'. Op 3 april te sjen by NPO2, op 4 april by Omrop Fryslân.

Salomo's earste rjochtspraak
It ferhaal achter 'Salomo's earste rjochtspraak' is ûnbekend, mar hat in soad nijsgjirrige kanten. Programmamakker Annet Huisman lit dat sjen yn dizze Fryslân DOK. Ids Krol, âld-skoalmaster en doarpshistoarikus fan Sumar, ûntduts yn de gemeente-argiven fan Tytsjerksteradiel in pear iepenbierjende brieven. It wie foar in plattelânsjonge fan ienfâldige komôf, mei in ôfwikende persoanlikheid, noch net sa maklik om syn talinten te ûntwikkeljen. Ek al wie Jan in beflein trochsetter. Fjouwer jier lang wurke er oan syn selsopleine masterproef. En doe't er klear wie, rûn it hiele doarp Sumar út om de masine yn wurking te sjen. De rest fan de provinsje folge. Dêrnei gie Jan it lân yn, mei syn keunstwurk yn in draachberje op springfearren.

In hearlik sjochferhaal
Filmer Henk Penninga filme it keunstwurk yn aksje doe't it yn 1978 restaurearre waard. Hy hat bewûndering foar it 'echte' en it 'kwetsbere' fan Elzinga's wurk. Ek ien fan de restaurateurs, Hans Rooij, jout acte de presence. Keunstner Gerrit Terpstra makke yn de jierren njoggentich wurk ynspirearre op Jan Elzinga, ûnder it adagium: 'meitsje is tinke'. Friedell Derksen fan Museum Speelklok yn Utrecht jout kontekst, mei de skiednis fan dit soarte saneamde 'automaten'. Swart-wytanimaasjes fan René Toldt meitsje de film oant in hearlik sjochferhaal mei, lykas konservator Marjan Brouwer fan Museum Martena seit: 'een tragische inslag'. Want lettere útfinings fan Elzinga's hân krije gjin poat oan 'e grûn. Hy slyt úteinlik syn dagen as klokmakker yn Wurdum en stjert op 65-jierrige leeftyd.

Fryslân DOK 'De dreamen fan Jan Mesyntsje'
Sneon 3 april, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 4 april 13.10 oere)
Snein 4 april, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

Fryslân DOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.

(Advertinsje)