Fryslân DOK - Boeken mei leafde

14 aug 2014 - 13:48

Fryslân DOK op snein 24 augustus

Wa lêst noch Fryske boeken? De groep Frysk-lêzers wurdt hieltyd âlder – en lytser. De provinsje Fryslân stipet de útjefte fan boeken, omdat literatuer in belangrike drager is fan de Fryske taal en kultuer. Mar de Fryske skriuwers fine dat der te min dien wurdt: sy wolle dat de 'Sutelaksje' weromkomt. Dy tradysje, dêr't frijwilligers mei kroadfollen boeken by de doarren lâns giene, is fiif jier lyn ôfskaft. De skriuwers pakten dêrom yn novimber 2013 sels de kroaden mar op, om harren boeken oan de man te bringen. Dy aksje waard sa’n sukses dat der dit jier in ferfolch komt.

Yn de dokumintêre 'Boeken mei leafde' in ferslach fan de aksjedei yn 2013 en petearen mei boekhannelers en útjouwers oer de weromrinnende boekeferkeap. Fierder wie programmamakker Karen Bies op de Frankfurter Buchmesse, dêr't foar it earst Fryske boeken ûnder de oandacht brocht waarden. Yn de dokumintêre ek in portret fan de skriuwer Ferdinand de Jong dy't neat leaver wol as skriuwe – en lêzen wurde.

De inisjatyfnimmers fan de aksjedei hawwe yntusken de Stifting Tsjil oprjochte om de Fryske boekeferkeap te befoarderjen. Njonken in nije sutelaksje komme sy mei in boekekrante dy’t op
225 tûzen adressen besoarge wurdt en in boeke-evenemint, de Drachtster Boeke3daagse, dat yn septimber hâlden wurdt.

Fryslân DOK: Boeken mei leafde
Snein 24 augustus om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Ek te sjen op sneon 23 augustus om 10:30 oere en snein 24 augustus om 15:30 oere op Nederlân 2.

Dizze dokumintêre is earder útstjoerd op snein 30 maart 2014.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

(advertinsje)