Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die (2)

10 apr 2015 - 09:27

Fryslân DOK op snein 19 april

Nei oanlieding fan 70 jier befrijing is Fryslân DOK ôfrûne snein begongen mei de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’. Yn fiif dielen wurdt in yngeand byld sketst fan de oarlochsjierren yn Fryslân. Yn dizze twadde ôflevering stiet de loftoarloch sintraal. In soad piloaten dy’t in crash oerlibben waarden op in ‘piloatenline’ set; in smokkelrûte nei Inglân. Fryslân DOK rekonstruearret de organisaasje fan dy piloatesmokkel en hoe’t de measten úteinlik yn it Belgiske Wuustwezel yn de fal fan de Dútsers rûnen.

Tusken 1940 en 1945 waard de oarloch yn Fryslân net op de grûn fierd, mar yn de loft. It Fryske loftrom wie in belangrike oanfleanrûte foar alliearde bombardemintsflechten nei stedske, militêre en yndustriële doelen yn Dútslân. Fan de Ljouwerter fleanbasis ôf waarden de alliearden bestoke troch 40 Dútske jagers. Sa binne der yn de tiid fan de oarloch boppe Fryslân, de Waadsee en de Noardsee hast 400 alliearde fleantugen út de loft sketten. Fan de omkommen alliearde fleaners lizze 535 begroeven op tsjerkhôven yn Fryske stêden en doarpen. Mar fan de measte slachtoffers is neat weromfûn.

Stanley Stanckewicz fertelt yn dizze twadde ôflevering hoe’t hy de oarlochstiid belibbe hat. Hy wie piloat op in Amerikaanse bommesmiter yn 1943. Doe't Stanckewicz fan in missy boppe Berlyn weromkaam, stoarte hy del by Warten. ‘’Ik wie 23 jier en tocht dat myn libben foarby wie’’, fertelt Stanckewicz. Hy oerlibbe de crash en waard troch in fersetsgroep fan Tiny Mulder út Drachten yn feiligens brocht.

‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ is in projekt fan Tresoar, tv-produsint Wij van PS, it Fries Film Archief en Omrop Fryslân. Oan de tv-searje is de webside www.Fryslan4045.nl keppele, mei alderhande achtergrûnynformaasje oer de tema’s dy’t yn de dokumintêres sintraal steane. Foargeande ôfleverings út de dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ binne werom te sjen fia http://www.omropfryslan.nl/fryslan4045.

Fryslân DOK: Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die (2)
Snein 19 april om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 18 april om 15.35 oere en snein 19 april om 12.20 oere op NPO 2.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei programmamakker Gerard van der Veer: tel. 06 5182 9143 of de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)