Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die (1)

03 apr 2015 - 11:47

Fryslân DOK op snein 12 april

Nei oanlieding fan 70 jier befrijing begjint Fryslân DOK snein mei de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’. Yn fiif dielen wurdt in yngeand byld sketst fan de oarlochsjierren yn Fryslân. In soad minsken drage de gefolgen fan dy tsjustere perioade noch altyd mei harren mei. Oan de tv-searje is de webside www.Fryslan4045.nl keppele, mei alderhande achtergrûnynformaasje oer de tema’s dy’t yn de dokumintêres sintraal steane.

“It giet noait wer fuort. Wat wy meimakke ha, bliuwt in libben lang by ús’’, seit ien fan de ynterviewden. Oan de hân fan fiif tema’s dy’t de oarlochstiid yn Fryslân foar in grut diel bepaald hawwe, fertelle goed tritich minsken oer harren ûnderfinings. De tema’s binne de Molkstaking, de loftoarloch, de Arbeidseinsatz, Fryslân as feilige haven en bern fan de befrijing.

De earste ôflevering giet oer de Molkstaking fan 1943. De wrede ûnderdrukking fan de massale staking troch de Dútsers soarge foar in omkear yn de Fryske oarlochsjierren. Yn de tiid foar de Molkstaking wie der in reedlik ûntspannen ferhâlding tusken de Dútsers en de Friezen. Mar as de besetter by de Molkstaking 22 Friezen deasjit is dat oer. Yn de lêste twa oarlochsjierren is der sprake fan terreur en represje. As reaksje dêrop kriget it ferset yn Fryslân hieltyd mear stipe fan de befolking.

‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ is in projekt fan Tresoar, tv-produsint Wij van PS, it Fries Film Archief en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje is te finen op www.Fryslan4045.nl.

Fryslân DOK: Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die (1)
Snein 12 april om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 11 april om 15.35 oere en tongersdei 16 april om 14.15 oere op NPO 2. De oare ôfleverings binne te sjen yn de fjouwer wykeinen dêrnei.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei programmamakker Gerard van der Veer: tel. 06 5182 9143 of de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)