Fryske tsjerketsjinst op Omrop Fryslân Radio en TV

15 apr 2015 - 12:01

19 april live te folgjen by Omrop Fryslân

Hûndert jier lyn waard de earste tsjerketsjinst yn it Frysk hâlden yn Tsjom. Yntusken is it Frysk regelmjittich te hearren yn de Fryske tsjerken yn de preek en by it sjongen. Op sneon 18 april wurdt in nij Frysk lieteboek presintearre. Omrop Fryslân stjoert dêrom op snein 19 april in Fryske tsjerketsjinst live út op radio en televyzje. It is foar it earst dat Omrop Fryslân in Fryske tsjerketsjinst op televyzje útstjoert.

De tsjinst is fan 10.00 oant 11.00 oere live te folgjen op Omrop Fryslân Radio en Televyzje. Middeis is de útstjoering fan 15.00 oant 16.00 oere nochris te sjen op televyzje. De Fryske tsjerketsjinst wurdt hâlden yn tsjerke ‘De Oerdracht’ op ‘e Jouwer. Cor Waringa is de foargonger. Under de tsjinst sjongt de protestantske gemeente mei de kantorij folop út it nije Fryske lieteboek. De presintaasje fan it nije lieteboek: ‘Lieteboek, sjonge en bidde thús en yn tsjerke’ is sneon 18 april om 15.00 oere yn de Grote Kerk yn Ljouwert.

Fryske tsjerketsjinst
Snein 19 april fan 10.00 oant 11.00 oere op Omrop Fryslân Radio en Televyzje. De folsleine útstjoering is middeis fan 15.00 oant 16.00 oere nochris te sjen op televyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)