Fryske top 100 startwike mei bysûnder karbidkanon

29 okt 2021 - 12:21

Omrop Fryslân giet fan moandei 1 oant en mei sneon 6 novimber de provinsje yn mei in grut, hypermodern elektrysk karbidkanon. It is dan de Fryske top 100 startwike, mei as tema: 'Wy knalle deryn!'. De hiele wike binne der ek live optredens fan Fryske artysten (ek te hearren en te sjen op 92.2 FM en telefyzje). Friezen kinne fan de startwike ôf wer stimme foar de list mei de 100 bêste platen yn it Frysk of in Fryske streektaal. De Fryske top 100 wurdt alle jierren op âldjiersdei útstjoerd.
 

CO2 neutraal karbidkanon
Projektlieder Herman Zeilstra is de útfiner fan it karbidkanon: "It is spesjaal makke foar de startwike. It kanon is hielendal elektrysk en dêrom CO2-neutraal. Foar in moaie lûdsbelibbing is it kanon ek foarsjoen fan de nijste digitale techniken. It is in feest om it ôf te stekken!" Publyk is wolkom as Omrop Fryslân delkomt yn de ferskate doarpen en stêden. Harkers fan Omrop Fryslân meie ek sels én feilich it karbidkanon ôfstekke as sy harren stim útbringe op fiif favorite Fryske nûmers.
 

Optredens yn de bûtenloft
De live optredens binne coronaproof yn de bûtenloft. De artysten dy't optrede sille binne: Gurbe Douwstra, Gaatze Bosma, Piter Wilkens, Weima & Van der Werf, Emiel Stoffers, Griet Wiersma en Marcel Smit.
In oersjoch fan alle plakken dêr't Omrop Fryslân delkomt is te finen op Omropfryslan.nl/top100. Fia dy webside kinne minsken ek harren top 5 ynstjoere en kâns meitsje op in Omrop Fryslân-mûtse
 

Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Publyk fan Omrop Fryslân: 058 - 299 78 76
Boarnefermelding ôfbylding: Omrop Fryslân

(Advertinsje)