​Fryske top 100 populêr by publyk én artysten

27 des 2018 - 15:44

In rekôroantal stimmen fan it publyk meitsje de Fryske top 100 populêrder as ea. Mar leafst 51.825 stimmen waarden der teld, doe't de stimbus tichtgie op twadde krystdei. Ferline jier kamen der 37.570 stimmen binnen. Opfallend is dat der in protte aksje fierd is om guon nûmers yn de Fryske top 100 te krijen. De folsleine list, útsein de top 10, is te sjen op Frysketop100.nl.

Opfallende notearringen
Der binne dit jier 18 nije binnenkommers yn de Fryske top 100, wêrfan twa yn de top 10. De Hûnekop en Piter Wilkens hawwe it measte oantal notearringen yn de list, se komme beide njoggen kear foar. Opfallend heech yn de list einige is Andries de Vries. Hy komt nij binnen mei syn liet 'Bist do makke foar my' op nûmer 15. Ek Jos Harteveld is in hege nije binnenkommer mei it nûmer 'Bist yn myn hert'. Hy komt binnen op plak 25.

Wurdearring fan publyk
Al jierren stjoert Omrop Fryslân op âldjiersdei de Fryske top 100 út. Foar in soad Friezen it ideale programma om it jier mei ôf te sluten. Foar guon artysten betsjut in notearring in foarm fan wurdearring foar harren wurk. Marcel Smit: "De Fryske top 100 is sa stadichoan in stikje kultuer wurden. Ik bin der grutsk op dat myn ferskes der al jierren yn stean en dêrmei dus de wurdearring krije fan de leafhawwers fan de Fryske muzyk."

Jukebox
Der koe sûnt 24 novimber stimd wurde op de Fryske top 100. Rûnom yn de provinsje dûkte de ôfrûne wiken it stimhokje op om in listje mei 5 favorite platen troch te jaan. Online koe der stimd wurden fia Frysketop100.nl en de Omrop-app. Harkers en sjoggers meitsje dit jier kâns op de Fryske top 100 jukebox. De jukebox wurdt op 31 desimber fuortjûn yn de útstjoering.

De Fryske top 100 wurdt op 31 desimber fan 13.00 oant 00.00 oere útstjoerd op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)