Fryske top 100: op wa bringe jo in stim út?

20 okt 2016 - 12:41

Op 29 oktober iepenet de stimbus

De ein fan 2016 komt sa stadichoan yn sicht en dat betsjut dat it wer tiid is foar de Fryske top 100. As startskot foar de stimmerij binne De Kast en Piter Wilkens op 29 oktober te gast yn it radioprogramma ‘Sneon yn Fryslân’. Nei dy iepening fan de stimbus geane de muzikale mannen op ‘en paad om ferskate minsken te traktearjen op in húskeamerkonsert. Opjaan dêrfoar kin no.

Immen ferrasse mei in konsert of in konsert by jo thús? Oanmelde kin fia Frysketop100.nl. Dêr is ek mear ynformaasje oer de konserten te finen.
De kommende tiid wurde minsken folop waarm makke foar de Fryske top 100. Stimme kin tradisjoneel oant en mei twadde krystdei. Op dy finale stimdei kriget elkenien de alderlêste kâns de stim troch te jaan. As minsken dan kontakt opnimme mei Omrop Fryslân, kin it samar wêze dat sy in bekende artyst oan de line krije. Hokker artysten der sitte bliuwt noch efkes in ferrassing.

De Fryske top 100 wurdt op 31 desimber útstjoerd op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Sjoch foar mear ynformaasje op: Omropfryslan.nl/frysketop100.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)