Fryske top 100: mei de stimbus op ‘en paad

06 nov 2017 - 10:23

Hy komt der wer oan: de Fryske top 100. En stimme op de Fryske top 100 kin dit jier ek yn de stimbus! De ôftraap fan de Fryske top 100 stimperioade is yn it wykein fan 11 en 12 novimber yn de radioprogramma’s Sneon yn Fryslân en Snein yn Fryslân. Ferslachjouwers stappe dat wykein mei Fryske artysten yn in ridende stimbus en fleane de hiele provinsje troch. Stimme kin dat wykein op lokaasje, mar fansels ek fia Frysketop100.nl en de Omrop-app.

Sytse Haima en Marcel Smit stappe op 11 novimber yn de stimbus. De dei derop, op snein 12 novimber, nimme Gryts en Grize en Frerik de Swetser plak yn de bus. De artysten stappe op noch ûnbekende plakken wer út en fersoargje dêr in optreden. En: it kin samar wêze dat de stimbus noch earne oars opdûkt yn de stimperioade...

Stimme kin tradisjoneel oant en mei twadde krystdei en op dy finale stimdei kriget elkenien de alderlêste kâns de stim troch te jaan. Op de finale stimdei kinne minsken kontakt opnimme mei Omrop Fryslân en bekende Friezen oan de telefoan krije.

Fryske top 100
De Fryske top 100 wurdt op 31 desimber fan 13.00 oant 00.00 oere útstjoerd op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.
 

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)