Fryske top 100: lêste kâns om te stimmen

20 des 2016 - 10:34

Twadde krystdei de finale stimdei

De ein fan 2016 komt sa stadichoan yn sicht en dat betsjut dat it al hast wer tiid is foar de Fryske top 100. Twadde krystdei wurdt de stimmerij feestlik ôfsletten mei in belteam en optredens op radio, telefyzje en ynternet. Stimme op jo favorite muzyk kin tradisjoneel oant en mei twadde krystdei. Op 31 desimber wurdt de folsleine Fryske top 100 útstjoerd.

Allinne op de finale stimdei is de mooglikheid om de stim foar de Fryske top 100 telefoanysk troch te jaan. Ferskate bekende Friezen sitte klear om alle stimmen yn te fieren. Dit jier sitte ûnder oaren Marcel Smit, Sytse Haima, Gerrit Breteler, Wiebe Kaspers en Folkert Hans Tolsma klear op nûmer 058 212 3618. Fansels kin stimme op Frysketop100.nl ek noch oant en mei twadde krystdei, 17.30 oere slút de stimbus. De presintaasje fan de finale stimdei leit yn hannen fan Femke de Walle en Jan Dirk de Haan.


De Hûnekop is twadde krystdei tegearre mei ferslachjouwer Geert van Tuinen rûnom yn de provinsje te finen. Thús by minsken yn de húskeamer, midden op in grut plein of gewoan oan de keukenstafel. Hjirfoar yn oanmerking komme? Opjaan kin fia top100@omropfryslan.nl.

It jier útsitte kin no mei Omrop Fryslân
Nei twadde krystdei wurde de stimmen teld en rint de spanning op oant âldjiersdei, dan wurdt lykas oare jierren de folsleine Fryske top 100 útstjoerd. Mar wat dit jier wol oars is, is dat wy letterlik op Fryske wize 2017 yngeane. De útstjoering begjint dizze âldjiersdei om 12.00 oere, en wa stiet dit jier op nûmer 1? It is te hearren yn de lêste minuten fan 2016.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)