Fryske ferhalen yn de nije podcastrige 'Boekekast'

25 sep 2019 - 14:02

Hjoed, op de dei fan de memmetaal, lansearje Omrop Fryslân en Boeken fan Fryslân de nije podcastrige 'Boekekast'. Spesjaal foar leafhawwers fan Fryske ferhalen. Alle wiken komt op snein in nij literêr ferhaal online. Hieltyd mear Friezen ûntdekke de podcast, dêrom wreidet Omrop Fryslân it podcast oanbod fierder út. Earder binne de SportCast en de PietCast al fan start gien.

Yn Boekekast wurdt alle wiken in oar Frysk ferhaal as podcast brocht. It giet om ferhalen fan Fryske skriuwers of fragminten út aktuele romans. Ferhalen dy't yn Boekekast foarby komme binne ûnder oare 'De Achttjin' fan Aggie van der Meer, 'De trekken fan Troje' fan Hein Jaap Hilarides en 'Wurk' fan Elske Schotanus. Snein 29 septimber wurdt út ein setten mei 'Parallaks' fan Janneke Spoelstra. De twa partijen wolle hjirmei de Fryske literatuer ris op in oare wize ûnder de oandacht te bringen.

De kar om sûnt dit jier mear yn te setten op podcasts by Omrop Fryslân is in bewuste kar fertelt einredakteur Douwe Boersma: "Hieltyd mear Friezen ûntdekke de podcast. It is in prachtich medium om djipper op de saken yn te gean en ús kennis of dy fan oaren te dielen, lykas sport yn de Sportcast of it waar yn de Pietcast. Mar ek foar projekten lykas Boekekast, dat we op radio net samar kwyt kinne. En sa binne der noch tal fan ideeën foar nije podcasts."

Sport en it waar yn in podcast
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân minsken by oer in ferskaat oan sport, mei altyd in Frysk rantsje.

Yn de PietCast dûkt Wim Brons ien kear yn 'e moanne djipper yn it waar mei waarman Piet Paulusma. Yn de podcast hawwe Wim en Piet it oer mear as allinne de foarsizzing fan de kommende dagen. Hoe komt Piet oan syn ynformaasje? Krije we ea noch in Alvestêdetocht? Allegear ûnderwerpen dy't oan 'e oarder komme kinne yn dizze podcast.

Ein 2019 lansearret Omrop Fryslân ek de podcast Bonkerak.

Alle podcasts fan Omrop Fryslân binne te finen op Omropfryslan.nl/podcast.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)