Fryske basisskoallen iepenje LF2018 mei liet

23 jan 2018 - 09:57

In grut tal skoallen yn Fryslân docht freed 26 jannewaris mei oan de offisjele iepening fan Ljouwert-Fryslân 2018. De skoallen sjonge it liet 'Seis oere thús', filmje dat en soargje mei-inoar foar in online mega kick-off. De iepening fan LF2018 begjint offisjeel mei it liet dy't de skoalen online sette. Oan de ein fan it iepeningswykein wurdt datselde liet wer songen mar dan troch elkenien dy't oanwêzich is op ien fan de grutte pleinen yn Ljouwert.

Ut alle gemeenten yn Fryslân dogge skoallen mei. Sa dogge yn de gemeente Ljouwert ûnder oaren de Oldenije en de Prins Constantijnschool mei. Yn de Fryske marren binne De Fluessen en It Haskerfjild dielnimmers en yn de gemeente Eaststellingwerf dogge ûnder oaren De Toekan en Boekhorst mei. In hiel soad oare skoallen út Fryslân nimme ek diel oan dit inisjatyf.

Skoallen hawwe allegear in pakket krigen om har ta te rieden op de kick-off. Op freed 26 jannewaris sjonge de skoallen 'Seis oere thús', it liet fan Nynke Laverman foar LF2018. Skoallen meitsje hjir in eigen ferzje fan, filmje dit en diele dat om eksakt 12.00 oere mei #2018begjint. Dêrmei foarmje de skoallen it begjin fan de offisjele iepening fan LF2018. Skoallen kieze sels hoe't sy it liet diele. Dat kin live fia in Facebook fideo of troch dit fan te foarren al op te nimmen en dêrnei fia Facebook te dielen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)