Fossylfrije dagen by Omrop Fryslân

29 jun 2018 - 09:37

De kommende twa wiken is hiel Fryslân fossylfrij. Dat is it doel fan de inisjatyfnimmers, Fossylfrij Fryslân en de Elfwegentocht. Dogge de Friezen massaal mei? Omrop Fryslân folget de ûntwikkelingen yn de 'Fossylfrije dagen'. Mei reportaazjes oer fossylfrije inisjativen, ferslachjouwers op 'en paad mei fossylfrije reizgers en in sjipkisterace mei skoalbern. De meiwurkers fan Omrop Fryslân dogge sels ek mei oan de Fossylfrije dagen.

Yn it radioprogramma Fryslân fan 'e moarn folget ferslachjouwer Bauke Deelstra minsken dy't op duorsume wize nei harren wurk reizgje. Bygelyks mei echte hynstekrêft of in elektryske step of boat. Hy makket ek in vlog dy't jûns te sjen is yn Fryslân Hjoed. Yn it radioprogramma Weistra op wei dogge de ferslachjouwers middeis ferslach fan enerzjy-inisjativen lykas it gebrûk fan blauwe disel en in snackbar dy't folslein fossylfrij wurde wol.

Tsjek myn sjipkist
Yn it skoaltelefyzjeprogramma 'Tsjek myn sjipkist' dogge trije skoallen út Fryslân mei trije bern mei oan in sjipkisterace. De spesjale útstjoeringen fan Tsjek oer dit ûnderwerp komme net út in skoalle wei, mar út in garaazje. Yn de searje bouwe de bern harren eigen sjipkist mei elektryske motor. Tsjek myn sjipkist is te finen op Skoal.tv. De grutte finale is op 4 july yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. De finale wurdt op snein 10 july om 17.30 oere útstjoerd op Omrop Fryslân en is ek online te folgjen.

Fossylfrije Omroppers
De meiwurkers fan Omrop Fryslân dogge sels ek mei oan de Fossylfrije dagen. Se kinne dêrfoar ûnder oare gebrûk meitsje fan elektryske fytsen en in elektryske scooter.

De Fossylfrije dagen by Omrop Fryslân begjinne op 2 july.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)