Folslein digitale Hynstekeuring 2022 te sjen by Omrop Fryslân

06 jan 2022 - 10:07

De jierlikse hynstekeuring fan de KFPS wurdt dit jier trije dagen lang útstjoerd troch Omrop Fryslân. No't ek dit jier gjin publyk by de keuring wêze kin, is it hiele evenemint fan 13 oant en mei 15 jannewaris live te folgjen fia meartalige livestreams op Omropfryslan.nl en de Omrop-app en de lêste dei ek op telefyzje.

It evenemint fynt dit jier plak by 'Manege Gaasterland' yn Harich. Op tongersdei 13 en freed 14 jannewaris stiet de twadde besichtiging fan de jonge hynsten sintraal. De keuring is streekrjocht te folgjen fan 9.30 oere ôf fia livestreams yn it Dútsk, Ingelsk, Frânsk, Nederlânsk en Frysk.

Wa wurdt de kampioen fan 2022?
Sneon 15 jannewaris barst de striid tusken de stamboekhynsten los. Jurre 495 soarge ferline jier foar in unikum, hy waard foar de fjirde kear de algemien kampioen, soe it him dit jier nochris slagje? Hy en noch hiel wat oare hynsten fan it stamboek meie wer har bêste fuotsje foarsette. De folsleine keuring fan de stamboekhynsten is fan 9.00 oere ôf te folgjen op telefyzje en fia de livestreams op Omropfryslan.nl/hynstekeuring en de Omrop-app. Yn it programma is ek in tal nijsgjirrige items te sjen.

Hynstekeuring 2022 by Omrop Fryslân

  • 13 & 14 jannewaris fan 9.30 oere ôf fia de livestreams
  • 15 jannewaris fan 9.00 oere ôf op telefyzje en fia de livestreams
  • 15 jannewaris fan 18.25 oere in koartere kompilaasje op telefyzje
  • It tv-programma Hea! sjocht foarút op de Hynstekeuring mei reportaazjes oer de stal 'Fan Hylpen' mei Gerben de Vries en de hertstochtlike fokkers Aise en Anneke Bouma fan Nes. Ek yn oare programma's en online binne moaie ferhalen te hearren en te sjen om de Hynstekeuring hinne, bygelyks oer Fries om utens Will Bron fan de USA, dy't no foar de twadde kear op rige thúsbliuwe moat.

Sjoch foar alles fan Omrop Fryslân oer it Frysk hynder ek op Omropfryslan.nl/hynstekeuring.

(Advertinsje)