Foarinoar: in nije searje oer frijwilligerswurk

10 nov 2014 - 15:58

Fan 17 novimber ôf te sjen by Omrop Fryslân

Omrop Fryslân stjoert fan 17 novimber ôf de searje 'Foarinoar' út, oer frijwilligers yn ús provinsje. Alle wurkdagen lit in frijwilliger sjen wat hy of sy docht. Dat kin fan alles wêze: in skûtsje bestjoere, in koar begeliede, hynsteride mei beheinden of helpe by de itensbank.

Frijwilligers binne in wichtich diel fan de 'mienskip'; dat ek it tema fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 is. Sûnder harren is it net mooglik om sportclubs of kultureel erfguod te behâlden. Mûnen bygelyks wurde allegearre draaiende hâlden troch frijwilligers. Sels de measte musea draaie mei help fan frijwilligers. Ek yn de soarch binne ekstra hannen wolkom.

Neist nuttich is frijwilligerswurk ek moai: men komt ûnder de minsken, leart in soad en docht wat foar in oar. Benammen minsken sûnder wurk of pensjonearden kinne sa warber bliuwe.
'Foarinoar' lit it sjen yn 30 ôfleveringen fanút de hiele provinsje. De frijwilligers nimme ús mei nei natuergebieten, musea, skoallen, fersoargingshuzen, in botanyske tún, in asylsikerssintrum, in tsjerke en in doarpshús.

Fan 17 novimber is ‘Foarinoar’ alle wurkdagen om 16:55 oere te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)