Fjouwer nije skriuwers oan ‘De berchrede fan it flakke lân’

30 jun 2020 - 09:08

Part 3 en 4

Wylst de Fryske Europarlemintariër Anja Haga hurd wurke oan har ideaal fan in duorsumere maatskippij, waard sy troffen troch it coronafirus. Dochs skriuwt ek sy mei oan it ferfolch fan 'De berchrede fan it flakke lân', in searje fan Fryslân DOK oer de takomst néi de coronakrisis.

Stadichoan krûpt it lân út de lockdown. Jout it 'nije normaal' ek kânsen op fernijing? Yn in ferfolch op 'De berchrede fan it flakke lân' presintearret Fryslân DOK fjouwer nije essays oer de takomst. De skriuwers binne sjongeres Nynke Laverman, yngenieur Govert Geldof, filosoof Jabik Veenbaas en politika Anja Haga.

Nynke Laverman wurket oan har nije foarstelling 'Plant'. In ferhaal oer in frou dy't beslút har persoanlikheid yn te ruiljen foar it bestean fan in plant, om sa in útgong te finen út it f ort fan beton en materialisme. De coronakrisis twingt de poadiumkeunstneres ta oare foarmen.
Govert Geldof ferdjippet him al jierren yn it tema 'kompleksiteit'. Neffens him is de maatskippij te kompleks om der fet op te krijen. Bestjoerders soene dan ek net besykje moatte om grutte, oerkoepeljende plannen te betinken, mar fertrouwe moatte op it fakmanskip fan de minsken yn de praktyk.
Filosoof Jabik Veenbaas basearret him op de Ferljochting, de kreamkeamer fan de moderne westerske kultuer. In kultuer dy't foarspoed en frijheid brocht, mar ek problemen. Ek de oplossingen fan dy problemen binne wer yn de Ferljochting te finen, mient Veenbaas. As Europarlemintariër foar de ChristenUnie wurket Anja Haga fan Dokkum hurd oan in duorsumere maatskippij. Mei de presintaasje fan de 'New Green Deal' yn de Europeeske Kommisje kaam dat ideaal tichterby. Mar doe fersprate it coronafirus him oer it kontinint - en trof ek Anja Haga. Se sit no al trije moannen thús.

Neist de TV-dokumintêres bringt Fryslân DOK de berchrede ek as podcast yn 'Ferhalen fan it flakke lân'. De essays fan de fjouwer skriuwers wurde publisearre troch kultureel tydskrift De Moanne.

Fryslân DOK: 'De berchrede fan it flakke lân 3 - Nynke Laverman en Govert Geldof'
Sneon 4 july, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 5 july 13.10 oere)
Snein 5 july, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

Fryslân DOK: 'De berchrede fan it flakke lân 4 - Jabik Veenbaas en Anja Haga'
Sneon 11 july,15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 12 july 13.10 oere)
Snein 12 july, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

De podcast 'Ferhalen fan it flakke lân' fan Fryslân DOK is te downloaden fia de podcastkanalen iTunes, Google en Spotify. De essays wurde publisearre op www.demoanne.nl

(advertinsje)