Finale Sjongfestival foar bern 2016

12 maaie 2016 - 08:50

Freed 20 maaie yn de Lawei yn Drachten

Wa wurdt dit jier de winner fan it Sjongfestival foar bern? Freed 20 maaie komme wy dat te witten, want dan wurdt foar de tsiende kear de grutte finale fan it Sjongfestival foar bern hâlden. De finale begjint om 19.30 oere en wurdt hâlden yn De Lawei yn Drachten. It Sjongfestival foar bern is in inisjatyf fan Cedin, Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân.

De saakkundige sjuery fan de finale bestiet út Krijn Jacob Dijkstra (bekend fan it duo: ‘Die Twa’), Janneke Brakels (sjongeres en jout sjongles) en Rodney Elzer (bekend fan ‘The Voice of Holland en sjongcoach). De finale wurdt presintearre troch Raynaud Ritsma en Geartsje de Vries. Raynaud is bekend fan Tsjek, it skoaltelefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân. Geartsje is ek bekend fan Omrop Fryslân.

Yn de finale steane 8 basisskoallen út Fryslân. Dy skoallen binne út de foarrondes kaam dy’t ôfrûne perioade hâlden binne yn Wommels, Burgum en op De Jouwer.

De Balsemyn - Eastermar ‘Merke’
It Twaspan - Wynjewâld ‘Ik ha talint’
Ds. Hasperskoalle - Akkrum ‘Ien en Ien’
De Wyngert - Drachtster Kompanije ‘Keet!’
De Sprankel - Stiens ‘In hiele rare dei’
It Finster - Warkum ‘Mei juf mear muzyk’
De Mienskip - Bûtenpost ‘Do hearst der by!’
It Klimmerblêd - Sint Nyk ‘Dyn talint is ús gelok’

De skoallen stride om de Karin de Jong wikselbokaal. Fierders is der in brûnzen, sulveren en gouden mikrofoan foar de nûmers 3, 2, en 1. In oantal skoallen hat der dit jier foar keazen om mei te dwaan mei in selsskreaun nûmer. Foar dy skoallen is der in tekstpriis. De sjueryleden foar dy tekstpriis binne Sytse Broersma en Jurjen van der Meer, beide tekstskriuwers. De tekstpriis wurdt bekend makke yn de finale.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo ek kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)