Finale Liet 2015 yn Noardewyn Live

15 sep 2015 - 12:31

Op freed 18 septimber by Omrop Fryslân

Noardewyn Live hat oankommende freed in spesjale útstjoering. De finale fan Liet 2015, it jierlikse festival foar Fryske muzyk hat har poadium yn Noardewyn Live. Fan 13.00 oant 16.00 oere sille de finalisten harren lieten hearre litte op Omrop Fryslân Radio en Televyzje. Fansels is dat alles ek op ynternet en de Omrop-app te folgjen.

De útstjoering stiet folslein yn it teken fan it 25-jierrich bestean fan de Stifting Liet ’91 dy’t elk jier it Fryske sjongfestival organisearret. Dêrom sil der ek genôch omtinken wêze foar de skiednis en de takomst fan Liet yn it programma.

It bestjoer hat in skoft oan in fernijend konsept wurke, wêryn’t ek nei de wize fan presintearjen sjoen waard. Dat hat ek mei him meibrocht dat der dit jier foar keazen is om de finale te ferskowen nei septimber én om it yn Noardewyn Live te hâlden. Oan de ein fan it programma sil de winner bekend makke wurde troch de faksjuery. De winner is fersekere fan in finaleplak yn Liet Ynternasjonaal dat dit jier yn Udine (Italië) plakt fynt.

Yn de útstjoering sil der in soad omtinken foar de finalisten wêze wêrby’t sy de mooglikheid krije om harrensels te presintearjen. Ien fan de finalisten, Jetz, hat harsels weromlutsen út de striid om winner fan Liet 2015 te wurden. De finale om wa’t op 11 desimber yn Italië optrede mei op it Suns Europe (Liet Ynternasjonaal) giet noch tusken njoggen finalisten. Willem de Vries fersoarget op freed 18 septimber tegearre mei Yvonne Bleize (foarsitter Stifting Liet ‘91) de presintaasje fan de finale.

De finalisten:
Jantsje Procee – Foar de Stilte
Marit & Nigel – Libbenstier
Twa Span – Bliuw hjir
Anno Nu! – Foarút
Kreas – Sintsje
Marrit de Vries – Myn heitelân
Nocht – Dyn wrâld
Tjitte – Rûntsje rinne
Ynte Hettema – Kuierje troch de stêd fan myn jeugd

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)