In filmportret fan Aggie van der Meer

11 okt 2019 - 14:43

'Skrinende ferealens' (Schrijnende verliefdheid) is de titel fan in Fryslân DOK oer skriuwster Aggie van der Meer (1927). Yn novimber ferskynt har boek 'Tsjûgen fan de macht' en kriget se de Gysbert Japicxpriis foar har hiele literêre oeuvre.

Aggie van der Meer wie aktyf yn de fredesbeweging en begûn pas op lettere leeftiid te skriuwen. Sy is no 92 jier en noch folop oan it wurk. Se bliuwt idealist, it tinken en skriuwen giet troch, har boeken binne aktueel. Nei in harsenynfarkt hinget se efterop har rolstoel in papier mei de tekst: 'Duwen mag' en giet der op út. Yn it filmportret 'Skrinende ferealens', dat Bart Kingma makke fan Aggie van der Meer, moetet se Dion van den Berg, in âld-meistrider fan it IKV (Interkerkelijk Vredesberaad). Mei har útjouwer Ernst Bruinsma nimt se it manuskript troch fan har nijste boek. Fierder toant Fryslân DOK opnamen fan de foarstelling 'Sykje' fan komponist Hoite Pruiksma en Capella Frisiae, in muzikale hommaazje oan Aggie van der Meer.

Fryslân DOK 'Skrinende ferealens'
19 oktober 15.30 oere op NPO2 (Nederlânske ûndertiteling, werhelling 20 oktober 13.00 oere)
20 oktober 17.00 oere op Omrop Fryslân om 17.00 oere (werhelling alle oeren)

Tip: podcast Aggie van der Meer
13 oktober komt in podcast online út de roman 'De Achttjin' fan Aggie van der Meer, yn de nije Fryske literêre podcastrige 'Boekekast': Omropfryslan.nl/boekekast


Noat foar de redaksje
Bronfermelding ôfbyldingen: 'Omrop Fryslân'.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 of mk@omropfryslan.nl.

(advertinsje)