Fiel de Nacht mei ús mei

08 des 2016 - 15:30

Hoe belibje minsken de nacht as se fan de jûn oant de oare moarns wekker bliuwe? Watfoar gedachten, petearen en gefoelens leveret dat op? Dat is it útgongspunt fan it programma Fiel de Nacht. Presintator Bart Kingma praat mei bysûndere Friezen oer har libben en driuwfearren op ien fan de tsjusterste plakken fan Flylân. Fan twadde krystdei ôf is it programma yn fiif ôfleveringen te sjen op telefyzje.

Direkteur fan Arriva Anne Hettinga, arsjitekte Nynke-Rixt Jukema, sjonger Jack Bottleneck, skriuwster en aktiviste Aggie van der Meer en âld-deputearre fan Fryslân Jannewietske de Vries diene harren ferhaal oan Bart. Dat soarge foar prachtige petearen en bysûndere mominten, mei útsjoch oer it Waad.

Sa fertelt Jannewietske de Vries oer hoe’t it har fergien is doe’t se de provinsjale steateferkiezingen ferlear en in ferfolch fan har deputearreskip dêrnei troch oare partijen blokkearre waard. “Foaral dat lêste hat my it measte sear dien, de wize wêrop’t dat gien is”, fertelt de politika, dy’t ek út de doeken docht hoe’t se ta har idee fan Kulturele Haadstêd kaam en no sjocht nei de plannen foar KH 2018.

Fiel de Nacht waard yn juny fia in livestream op Finsteropfryslan.frl útstjoerd. Hjir wie te folgjen hoe’t Bart en syn gasten de nachten trochbrochten. Fan alle nachten binne no kompakte ôfleveringen makke, dy’t útstjoerd wurde tusken Kryst en âld en nij, in perioade dy’t by útstek geskikt is foar goede petearen.

Fiel de Nacht:
Fan moandei 26 oant en mei freed 30 desimber om 17.20 oere op Omrop Fryslân.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

(advertinsje)