Fiel de Nacht

13 jun 2016 - 13:51

Hoe soesto dyn moaiste nacht trochbringe wolle? Dat is it útgongspunt fan it nije livestream-programma Fiel de Nacht, wêryn’t presintator Bart Kingma alle nachten in gast ûntfangt. Earne yn de ‘middle-of-nowhere’ fan Flylân sille Bart en syn gast ta inoar feroardiele wêze en bringe se de nacht mei-inoar troch. It programma rint fan snein 19 oant en mei tongersdei 23 juny.

Fan 21.00 oere jûns oant 6.00 oere moarns wurde der djipgeande petearen fierd, wurdt der dronken, kuiere, iten; alles wat der mar betocht wurdt op it momint. De gasten sille ek saken meinimme dy’t bydrage kinne oan har ‘ideale’ nacht. Fia in livestream op Finsteropfryslan.frl is te folgjen hoe’t Bart en syn gasten de nachten trochbringe, fierder hâldt hy ek in blog by. De gasten binne (op gronologyske folchoarder): direkteur fan Arriva Anne Hettinga, arsjitekte Nynke-Rixt Jukema, sjonger Jack Bottleneck, skriuwster en aktiviste Aggie van der Meer en âld-deputearre fan Fryslân Jannewietske de Vries.

De krêft fan de nachtsesjes komt letter nochris in kear nei boppe wannear’t de opnamen gearfette wurde ta kompakte ôfleveringen. Dy ôfleveringen wurde om de krystdagen hinne, by útstek de perioade fan tsjustere nachten en besinning, útstjoerd op Omrop Fryslân Telefyzje.

Fierder sil Remco de Vries yn de wike fan 19 oant en mei 23 juny as iennige fan it team oerdei wekker wêze om in blog by te hâlden mei foto’s oer de natuer op it eilân. Hy wurket dêr oan it projekt: ‘Fiel de Dei’. In dokumintêre oer de natuer yn de simmer en winter op Flylân dêr’t mins, bist en plant alle dagen ‘passanten’ binne.

Sjoch foar mear ynformaasje en de blogs op Omropfryslan.nl/Fieldenacht. Finster op Fryslân is in online platfoarm mei as reade tried de tema’s en projekten fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018. It platfoarm is in inisjatyf fan De Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd, GPTV en Omrop Fryslân en wurdt mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje, tel: 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)