Ferhalen út de GGZ wei by Omrop Fryslân

25 aug 2020 - 13:14

It liket wol as oft it de lêste tiid hieltyd faker foar komt. Nijsberjochten dêr't yn sprutsen wurdt oer in 'ferward persoan'. Wylst de GGZ it leaver hat oer 'persoanen mei ûnbegrepen gedrach'. Faak sit der in hiel ferhaal efter dy berjochten. Wa binne de minsken dy't yn behanneling binne by de GGZ en wêrom soe it jo of my net oerkomme kinne? Presintator Miranda Werkman siket it út en sjocht efter de doarren fan GGZ Friesland.

Oan it begjin fan de rige 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' komme we yn de kunde mei Bram. "Ik vond het niet fijn om opgesloten te zitten, maar het was wel echt nodig". Bram is twongen opnommen en sit op De Flinter, de High Intensive Care klinyk yn Frjentsjer. Op syn keamer fertelt er oer hoe't it misgie en wêrom't der in befel fan de boargemaster oan te pas komme moast om him opnimme te litten. Bram wie doe psygoatysk en ien fan de kenmerken dêrfan is dat je dan waanfoarstellingen hawwe. No giet it in stik better mei Bram. It helpt him dat er alle dagen nei de deibesteging kin om oan fytsen te wurkjen of noch better; syn eigen brommer. Mar hy is foaral bliid dat er syn freonen en famylje noch om him hinne hat. Dy stipe hat him der trochhinne skuord.

Miranda Werkman komt fan Frjentsjer en is grut wurden mei it strjitbyld fan pasjinten fan de GGZ. Ek hat se yn har eineksamentiid as skjinmakster oan it wurk west yn de gebouwen fan GGZ Friesland. "De ferhalen fan de minsken makken doe al bot yndruk op my. De frou dy't my alle moarnen wer frege wat se no earst dwaan moast; ite, oanklaaie, dûse of nei har wurk ta gean. Alle dagen joech ik har itselde antwurd en dan waard se wer rêstich. Of it ferhaal fan de man dy't fertelde dat er it allegearre goed foar elkoar hie. Oant er syn frou ferlear. Ik sjoch him noch foar my, mei syn grutte hannen en drôvige eagen. Ik tocht; ja, dit kin elkenien oerkomme."
Anno 2020 is der in soad feroare; de maatskippij is fansels hiel oars wurden, mar hoe sit dat mei de psychiatryske soarch? GGZ Friesland lit graach sjen wat der allegearre bart. Pasjinten en de meiwurkers fertelle iepen en earlik har ferhaal en oer it wurk dat se dogge en wat der feroare is.

"Per jaar krijgen ruim 7300 mensen in Friesland voor het eerst een psychische aandoening", aldus Ton Dhondt, bestjoerder en psychiater fan GGZ Friesland. "Ongeveer 4 op de 10 Friezen voldoen op enig moment in hun leven aan de criteria van een psychiatrische diagnose. Studies laten zien dat veel mensen, liever geen psychiatrische patiënt als buurman of collega hebben, en dat nog meer hen niet als vriend, partner of schoondochter in hun leven zouden toelaten. We hopen dat door deze serie mensen zich meer kunnen verplaatsen in onze patiënten."

Yn dizze searje fan acht wiken sjocht programmamakker Miranda Werkman wat der efter de doarren fan GGZ Friesland plakfynt. Fan Frjentsjer oant Dokkum, Lemmer, Ljouwert en Boalsert. Bram en oare pasjinten dogge earlik har ferhaal. Oer wat der mis gie, hoe't se holpen binne en hoe yngewikkeld it somtiden wêze kin om wer in plakje yn de maatskippij te finen. De rige 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' is fan 31 augustus ôf alle moandeis te sjen by Omrop Fryslân. Fan 17.15 oere ôf, elk heal oere.

(advertinsje)