Feest by Omrop Fryslân: 35-jierrich jubileum Piet Paulusma

25 nov 2020 - 14:53

Tiisdei 1 desimber is it de hiele dei feest by Omrop Fryslân. Yn ferskate radio- en telefyzjeprogramma's wurdt omtinken jûn oan it jubileum fan Piet Paulusma, dy't 35 jier aktyf is as waarman.

Op 1 desimber 1985 om healwei ienen wie Piet Paulusma (doe 28 jier âld) foar it earst op de radio te hearren by Omrop Fryslân. Hy presintearre it waar as ferfanger fan Hans de Jong. Piet is ûnderwilens bekend yn hiel Nederlân. Sa waard er keazen as populêrste waarman fan 1999, 2000 én 2006. Los fan dat er by meardere stjoerders it waar presintearret, soarget Piet altyd foar in glimk op it gesicht fan elkenien. Piet giet troch waar en wyn om it waarberjocht op lokaasje te presintearjen. Syn bekende praatsjes en fansels it wolbekende 'Oant moarn' is sa yn hiel Nederlân bekend wurden.

Feest en lokwinsken foar Piet
Alles stiet 1 desimber yn it teken fan it 35-jierrich jubileum fan Piet Paulusma. Fan radioreportaazjes oer Piet syn karriêre, oant ferhalen fan bekenden út Piets omjouwing en lokwinsken út it hiele lân. Fia de 'Lokwinsketelefoan' kin elkenien Piet de hiele dei lokwinskje mei it jubileum. Dat kin troch te beljen mei 058 70 09 777 en in berjocht achter te litten. In fraach of boadskip foar Piet? Middeis skoot Piet Paulusma oan yn it radioprogramma Weistra op wei. Hy beäntwurdet dêr alle fragen dy't harkers ynstjoere fia de Omrop-app.

Jûns wurdt op de telefyzje yn in wiidweidige Fryslân Hjoed omtinken jûn oan it jubileum fan Paulusma. Sa is ûnder oare in reportaazje te sjen mei dêryn ferhalen fan bekenden oer it begjin fan Piet syn karriêre as waarman en oare moaie ferhalen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje of oanmelden kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 06 31 59 02 12.

(Advertinsje)