Fan ús, efter de skermen by it Fries Museum

03 jun 2019 - 09:22

Tiisdeis om 17.35 oere by Omrop Fryslân op TV

Yn it nije programma 'Fan ús' fan Omrop Fryslân sjogge we yn fiif ôfleveringen hoe't it efter de skermen wurket by it Fries Museum. De mear as 200.000 items dy't it Fries Museum yn behear hat fertelle it ferhaal oer ús erfguod. In ferhaal dat oer ús giet, fan ús is; mar hoe wurdt it fan ús?

Museumdirekteur Kris Callens is bliid mei de gearwurking mei Omrop Fryslân: "Troch dizze rige kinne wy de efterkant fan ús museumbedriuw sjen litte. Sa kriget it Fryske publyk in byld fan wat de professionals en frijwilligers oan wurk ferrjochtsje om de rykste regionale kolleksje fan Nederlân te ûntwikkeljen en te bewarjen. Dat dogge wy net foar ússels, mar ta tsjinst fan de hiele mienskip."

Yn Fan ús is ûnder oare it ferhaal te sjen fan Pim Dinghs út Brussel, dy't in echte Alma-Tadema tekening fynt op de antykmerk. Dinghs: "Ik tocht: dit is too good to be true!" Hy beslút dat der mar ien plak foar is: it Fries Museum. It wurkjen yn in museum bringt in hiele ferantwurdlikheid mei him mei. Hoe passe je goed op de items dy't it museum tabetroud binne en wat as de stikken wer fuort moatte om't se net mear yn de kolleksje passe?

It museum lient ek in part. Sa is op it stuit in bysûndere beker mei dêryn nammen fan de Fryske adel te sjen yn it Fries Museum. Op syn beurt lient it museum ek stikken út: oan it MCL bygelyks. Dêrneist moatte de skatten fan it museum ek ûnderhâlden wurde: sa taastet de brûnspest in muntskat út de tiid fan de Fikingen oan. Hoe wurde de stikken takomstbestindich makke sadat se noch in ivichheid meikinne?

'Untsammelje' is in trend yn museumlân, want net alles past mear. Letterlik, mei de beheinde romte yn de depots, mar ek figuerlik. It ôfskied nimmen fan kolleksje-items is in tiidslinend proses: de arguminten moatte fêstlein wurde yn dokuminten, der moat sjoen wurde oft der yn in oar museum plak foar is en de eigener moat efterhelle wurde. En dat is noch net sa maklik, benammen wannear't in item mear as 100 jier ferlyn ynbrocht is.

Fan ús
Fan ús is fan tiisdei 4 juny ôf tiisdeis fan 17.35 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 of mei dy fan it Fries Museum: communicatie@friesmuseum.nl / 058 255 55 00.


 

(advertinsje)