Fan binnenút oanfolle mei ferdjipjende podcastrige

03 maaie 2021 - 08:00

As oanfolling op de telefyzjesearje 'Fan binnenút: wa soarget foar in feilich libben?' komt Omrop Fryslân mei in trijedielige, ferdjipjende podcastrige. Yn de telefyzjesearje sjocht programmamakker Miranda Werkman efter de doarren by it wurk fan Jeugd- en Gezinsbescherming, Jeugdreclassering en Veilig Thuis Friesland. Yn de podcast giet Miranda yn petear mei Veilig Thuis-meiwurkers, gedragswittenskippers en fertrouwensdokters. De saakkundigen fertelle hoe'tst as buorman, juf, beppe, of fuotbaltrainer in bern helpe kinst.

Moandei 3 maaie is de lêste ôflevering fan de telefyzjesearje te sjen mei it ferhaal fan Susan Slikkerveer oer húslik geweld. Deselde dei komt de earste fan de trije podcastôfleveringen online.

Komplekse skiedings
De earste ôflevering fan de podcastrige giet djipper yn op komplekse skiedingen, dy't hieltyd faker foarkomme. Gedrachswittenskipper Lutske de Vries nimt de harker mei yn 'e holle fan de âlden, en húshâldingsfâd (gezinsvoogd) Mirjam Hogeboom fertelt it ferhaal fan it bern. Yn de twadde ôflevering fertelle Maryse en Anita, twa meiwurkers fan Veilig Thuis Friesland, oer hoe'tst mei in bern sels yn petear gean kinst. Yn de lêste ôflevering beskriuwe fertrouwensdokter Jenny de Leeuw en psycholooch en ortopedagooch Femke Boersma wat de langetermyngefolgen binne fan bernemishanneling.

Telefyzjesearje
Yn de telefyzjesearje 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben?' sjocht Miranda Werkman efter de foardoar mei meiwurkers fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid. Dêr wurkje 250 minsken oan de feilichheid fan tsientûzen gesinnen. De searje lit sjen hoe dreech it is om yn te gripen achter de foardoar; de grins tusken privacy en feilichheid. Miranda rint mei jeugdbeskermers en jeugdreklassearders mei en sjocht efter de skermen by Veilig Thuis Friesland.

De podcastrige is fan 3 maaie ôf wykliks te beharkjen op Omropfryslan.nl en op Spotify.
Alle ôfleveringen fan de telefyzjesearje 'Fan binnenút: wa soarget foar in feilich libben?' binne werom te sjen op Omropfryslan.nl/fanbinnenut
 

(Advertinsje)