Faderpaard op Omrop Fryslân Televyzje

10 jul 2014 - 11:27

It teaterspektakel op Omrop Fryslân Televyzje

In oade oan it Fryske hynder’ wurdt it neamd, it muzykteaterspektakel Faderpaard. Dat bysûndere teaterstik mei mear as hûndert Fryske hynders fûn yn jannewaris fan dit jier plak yn it ramt fan it 135-jierige jubileum fan ‘Het Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek’. Faderpaard is op sneon 12 july yn syn gehiel te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Op snein 20 july is in dokumintêre oer de tariedings op Faderpaard te sjen.

It muzykteaterstik Faderpaard is ynspirearre op it ferneamde gedicht ‘It Faderpaard’ fan de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga. Yn it stik fan regisseur Jos Thie komme hynders, muzyk, teater en poëzy byelkoar. Thie hat der in ôfwikseljende show fan makke troch te spyljen mei tradisjonele hynstesportûnderdielen yn kombinaasje mei poëzy en muzyk. Oan it teaterspektakel wurken mear as hûndert akteurs en musisy mei, wêrûnder Gerrit Breteler en Brigitte Kaandorp.

In wichtige rol is weilein foar Théatre du Centaure út Marseille, ûnder oaren bekend fan Oerol mei in foarstelling fan Fryske hynders, filmprojeksjes en poëzy. Ek Blythe Brown, de frou fan thrillerskriuwer Dan Brown docht mei. Sy lit har Amerikaanske show ‘Behind the mask’ sjen. Sjongeres Nynke Laverman en musikus Sytze Pruiksma fersoargje de muzyk. It dekôr wurdt foarme troch filmbylden op in byldskerm fan 8 by 40 meter. Mear ynformaasje oer de show is te finen op www.faderpaard.nl of www.kfps.nl.

De registraasje fan Faderpaard duorret oardel oere en wurdt útstjoerd op sneon 12 july fan 18:15 oere ôf op Omrop Fryslân Televyzje. Dêrnei is it stik nochris te sjen om 20:15 oere en 22:15 oere.
Fryslân DOK op snein 20 july

Yn de oanrin nei de útfiering fan Faderpaard makke Omrop Fryslân in dokumintêre oer de tariedings. Yn dy Fryslân DOK is te sjen hoe't teaterminsken, muzikanten en hynsteleafhawwers elkoar fûnen by it meitsjen fan it stik. Regisseur Jos Thie moast yn de lêste wike foar de foarstellingen de ferskate ûnderdielen ta ien ferhaal smeie yn in heksetsjettel fol technyk, hynders en passy.

Fryslân DOK: Faderpaard
Op snein 20 july om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. De dokumintêre is ek te sjen op sneon 19 july om 10:30 oere en snein 20 july om 15:25 oere op Nederlân 2.

Noat foar de redaksje:
De foto op de ôfbylding is fan: Cally Matherly.
De televyzjeregistraasje fan Faderpaard is earder útstjoerd op 21 april en de dokumintêre op 19 jannewaris.
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Jitske de Hoop (Omrop Fryslân):
tel. 058 299 7876 / 06 14 23 98 34 of Marijke Akkerman (KFPS): 06 122 89 683.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)