​Faderpaard live by Omrop Fryslân

05 jan 2018 - 12:34

Omrop Fryslân bringt Faderpaard op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Op freed 12 jannewaris is it konsert Friesian Proms te sjen en op sneon 13 jannewaris is fan 8.30 oere ôf de hynstekeuring live te folgjen. Fierder wurdt der yn 2018 foar it earst in Nederlânske stream, njonken de Dútske en Ingelske stream, oanbean.

Omrop Fryslân stjoert de showjûn fan Faderpaard op freed 12 jannewaris fan 20.30 oere ôf live út. Yn de show hawwe tsientallen Fryske hynders in glânzjende haadrol yn it muzikale showprogramma Friesian Proms. Sy diele de pyste mei sjonger Douwe Bob, de ferneamde Italiaanske tenoar Alessandro Safina, sjongeres Elske DeWall, sopraan Belinda Vermeer en oaren.

Tradysjegetrou is Omrop Fryslân live by de hynstekeuring op sneon en stjoert dat alles út op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. It kommentaar wurdt jûn troch presintator Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra. Oan de ein fan de middei wurdt bekend wa't de kampioen fan 2018 is. Foar bûtenlânske sjoggers is de útstjoering op ynternet te folgjen mei Ingelsk of Dútsk kommentaar. Boppedat is der dit jier foar it earst in Nederlânske stream beskikber.

Friesian Proms en hynstekeuring live
Freed 12 jannewaris fan 20.30 oere ôf de Friesian Proms en sneon 13 jannewaris fan 8.30 oere ôf de hynstekeuring op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. De finale fan de hynstekeuring wurdt op snein 14 jannewaris om 12.00 oere werhelle op telefyzje.

Sjoggers kinne sneon reagearje fia de Omrop-app. Sjoch foar mear ynformaasje en alles oer it Frysk hynder op: Omropfryslan.nl/faderpaard. Mear ynformaasje oer it programma fan de Hynstekeuring en Friesian Proms is te finen op www.faderpaard.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)