Faderpaard live by Omrop Fryslân

22 des 2016 - 15:29

Mear as 25.000 besikers út 30 lannen komme tusken 12 en 14 jannewaris nei Fryslân foar it jierlikse hynste-evenemint: Faderpaard, fan De Koninklijke Vereniging ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’ (KFPS). Op freed 13 jannewaris is it konsert Friesian Proms te sjen en op sneon 14 jannewaris is fan 8.30 oere ôf de Hynstekeuring live te folgjen op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

De jierlikse Hynstekeuring fan de KFPS is bedoeld as seleksje foar jonge hynsten en keuring fan de goedkarde KFPS-stamboekhynsten. By de bylden fan de Hynstekeuring op sneon wurdt live kommentaar jûn troch presintator Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra. It kommentaar wurdt ôfwiksele mei ynterviews. Foar bûtenlânske sjoggers is de útstjoering op ynternet te folgjen mei Ingelsk of Dútsk kommentaar. Njonken de keuringen binne der showrubriken te sjen, mar it hichtepunt fan de dei is alle jierren de beneaming fan de ‘Kampioen stamboekhynst’. Oan de ein fan de middei wurdt bekend wa’t de kampioen fan 2017 is.

Op 12 en 13 jannewaris hawwe tsientallen Fryske hynders in glânzjende haadrol yn it muzikale showprogramma Friesian Proms. Se diele de pyste mei sjonger Xander de Buisonjé, musikalstjer Joke de Kruijf, it populêre trio O’G3NE en it muzikale en komyske duo Stenzel & Kivits. Omrop Fryslân stjoert de show op freed 13 jannewaris fan 20.30 oere ôf live út op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Omrop Fryslân is alle trije dagen te finen by Faderpaard. Hjir is te sjen wat de Omrop allegear makke hat oer it Frysk hynder. Mear ynformaasje oer alles wat Omrop Fryslân rûnom it Frysk hynder docht is te finen op: Omropfryslan.nl/faderpaard.

Friesian Proms en Hynstekeuring Live
Freed 13 jannewaris fan 20.30 oere ôf de Friesian Proms en sneon 14 jannewaris fan 8.30 oere ôf de Hynstekeuring op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.
De hichtepunten fan de hynstekeuring wurde op snein 15 jannewaris om 13.00 en 15.00 oere werhelle yn in twa oeren duorjende útstjoering.

Sjoggers kinne sneon reagearje fia sms: 06 20 499 199 en twitter: #HK17. Mear ynformaasje oer it programma fan de Hynstekeuring en Friesian Proms is te finen op www.faderpaard.nl.

Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 en mei Marijke Akkerman fan KFPS: 06 122 89 683.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)