EU: klup fan de lidsteaten of hoeder fan de regio's?

30 apr 2019 - 14:15

In Fryslân DOK oer hoe't minderheden harren fiele yn Europa

De Europeeske minderheden en de EU soene wol wat relaasjeterapy brûke kinne. Dy konklúzje is te lûken út in trijelûk dokumintêren dy't Omrop Fryslân makke hat, mei it each op de Europeeske parlemintsferkiezingen fan 23 maaie. Yn de searje 'De grinzen fan Europa' wurdt pynlik dúdlik dat minderheden slim teloarsteld binne yn de Europeeske Uny.

Foar minderheden is dy teloarstelling nammerste skrinender, om't sy faak al in drege ferstânhâlding hawwe mei har nasjonale oerheid en 'Brussel' beskôgje as ít orgaan dat harren hoedzje kin foar tefolle druk fan it eigen regear. Dochs blykt de Europeeske Uny kear op kear foaral in klup fan lidsteaten te wêzen.

Nettsjinsteande de offisjele slogan 'Unity in diversity' blykt it belang fan de lidsteat foar de EU hieltyd wer sterker te wêzen as dat fan de minsken yn de regio's. Dat is alteast it sterke gefoel dat libbet by de trije minderheden dy't Omrop Fryslân opsocht. De Fryske sjoernalist Onno Falkena gie hjirfoar dwerstroch Europa op syk nei de leafde dy't minderheden hawwe foar de Europeeske Uny. Hy besiket trije regio's: it Bulgaarske Plovdiv dêr't him de grutste Roma-getto befynt, de Sámi yn Sweden en de Val d'Aran yn de Pyreneeën.

Yn it trijelûk 'De grinzen fan Europa' siket Fryslân DOK it antwurd op de fraach wat de minderheidsgebieten oan de EU te freegjen, mar foaral ek te bieden hawwe. By de oprjochting fan de EU wie de ferwachting dat Europa der ek foar de minderheden en de regio's wêze soe. Faak moat de EU lavearje tusken it belang fan de minsken yn de regio's en dat fan de naasjesteaten. It docht bliken dat de Brusselske bestjoerders faak kieze foar it lêste.

Fryslân DOK: De grinzen fan Europa
Snein 5, 12 en 19 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje. Ek te sjen op sneon 4 maaie, 11 maaie en 18 maaie om 15.30 oere en snein 5, 12 en 19 maaie 13.00 oere op NPO 2. De ôfleveringen binne yn gronologyske folchoarder: de Roma, de Sámi en de Aranezen.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Mear ynformaasje oer de trije útstjoeringen is te finen yn taheakke dokumint.

(advertinsje)