Ekstra sport op Omrop Fryslân Radio

16 mrt 2016 - 08:25

Sneon 19 maart fan 18.00 oere ôf

In jûn folslein yn it ramt fan Fryske topklups. Sneontejûn 19 maart pakt Omrop Fryslân op de radio út mei in ekstra sportprogramma. Under oare twa earedifyzje wedstriden en in Fryske derby yn de haadklasse komme oan bod. It ekstra sportprogramma wurdt presintearre troch Johan Terpstra en duorret fan 18.00 oant 22.45 oere.

Op it programma steane sneon ûnder oare de earedifyzje fuotbalwedstriden SC Hearrenfean tsjin Heracles Almelo en SC Cambuur tsjin Roda JC. Nei’t SC Hearrenfean ôfrûne sneon in punt pakte tsjin koprinner PSV stiet de ploech oankommende sneon tsjinoer de nûmer seis, Heracles Almelo. Fan dy klup ferlear SC Cambuur foarige wike mei 3-1. SC Cambuur stiet op dit stuit nûmer lêst en it is dus wichtich foar harren om thús tsjin Roda JC punten te pakken.

Ek yn de haadklasse wurdt it spannend mei in Fryske derby tusken Harkemase Boys en Drachtster Boys. De wedstriid begjint om 17.00 oere op De Harkema, de ferslachjouwing start al yn it radioprogramma ‘Sneon yn Fryslân’. Yn de topklasse spilet Snits Wyt Swart tsjin VVSB oan de Molenkrite yn Snits. Ferslachjouwer Koos Wieling hâldt de minsken thús op ‘e hichte fan it ferrin fan dy wedstriid.

Utsein fuotbal is der yn it ekstra sportprogramma ek in soad omtinken foar oare sport, lykas de kuorbalwedstriid LDODK tsjin PKC. Mar ek fan it follybal mei de froulju fan Snits tsjin Eurosped en fan de iishockeywedstriid HYC Herentals tsjin UNIS Flyers hâldt Omrop Fryslân de harkers op ‘e hichte.

Oanfang wedstriden:
18.30 oere: SC Hearrenfean – Heracles Almelo
20.45 oere: SC Cambuur – Roda JC
17.00 oere: Harkemase Boys – Drachtster Boys
19.30 oere: Snits Wyt Swart – VVSB
20.00 oere: LDODK – PKC
20.00 oere: Snits – Eurosped
21.00 oere: HYC Herentals – UNIS Flyers

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân, telefoan: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)