‘Een prachtige daad’ by Omrop Fryslân

09 apr 2020 - 15:09

VV Heerenveen joech yn it lêste oarlochsjier in thús oan jonge fuotballerkes út Amsterdam. By gastgesinnen op It Hearrenfean en yn Oranjewâld - ûnder oaren by Abe Lenstra en syn frou - oerlibben se de Hongerwinter. Yn de dokumintêre 'Een prachtige daad' fertelle de Amsterdamske jonges fan doe, wat dy perioade foar harren betsjutten hat. Omrop Fryslân stjoert de film út op tiisdei 14 april, oan de foarjûn fan de 75e Befrijingsdei fan Fryslân.

Yn de oarlochsjierren waard der noch folop fuotballe yn Nederlân, mar yn de simmer fan 1944 kaam dêr in abrupt ein oan. Nederlân wie ferdield yn befrijd en beset gebiet. Amsterdam rekke isolearre fan de bûtenwrâld en der wie in grut tekoart oan iten. VV Heerenveen besleat de fuotbalklups yn Amsterdam te helpen en fong yn de Hongerwinter 86 jonge fuotballerkes op. Sy spilen by Ajax, DWS, Blauw Wit en De Volewijckers. De jonges hiene it goed yn Fryslân en, wat se sels ek hiel belangryk fûnen: se hoegden meastal net nei skoalle ta én se koene trochgean mei fuotbaljen. Yn de simmer fan 1945 kearden se sûn werom nei Amsterdam. It bestjoer fan DWS skreau: "Beste mensen uit Heerenveen, jullie hebt prachtig werk gedaan. Niet medelijdend hoofdschuddend 'gekletst' over die arme Amsterdammertjes, maar jullie hebt iets gedaan, waarvoor wij jullie ten hoogste dankbaar zijn."

Oant de dei fan hjoed wurdt der mei waarmte weromtocht oan dizze 'prachtige daad'. Foar in soad jonges wie dizze perioade fan grutte ynfloed op harren lettere libben, sa fertelle se yn de dokumintêre.

'Een prachtige daad' (2019) is makke troch Vanessa de Gaay Fortman en Pim van Bezooijen yn opdracht fan Ajax Erfgoed. Sa wol Ajax tanksizze oan sc Heerenveen foar de ûnferjitlike died en de gastfrijheid fan 75 jier lyn, yn it jier dat de Hearrenfeanse klup 100 jier bestiet. Ajax toant hjirmei syn belutsenheid mei it tema '75 jier befrijing'.

De film is ein ferline jier fertoand yn de Johan Cruijff Arena en yn it Abe Lenstrastadion. Op 14 april 2020 soe der in foarstelling wêze yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean, mar dy kin troch de coronakrisis net trochgean. Omrop Fryslân hat dêrom besletten 'Een prachtige daad' yn syn gehiel út te stjoeren op 14 april om 21.00 oere. Op 9 maaie sil Fryslân DOK in ferkoarte ferzje presintearje by NPO2 en Omrop Fryslân.

'Een prachtige daad'
Omrop Fryslân, 14 april, 21.00 oere

Fryslân DOK 'Een prachtige daad'
Sneon 9 maaie NPO2 (15.30 oere, werhelling snein 10 maaie 13.10 oere)
Snein 10 maaie Omrop Fryslân (17.00 oere, werhelling alle oeren).

(advertinsje)