Edwin Meijer nije kommissaris Omrop Fryslân

12 jul 2019 - 11:15

Edwin Meijer fan De Jouwer is beneamd ta lid fan de Ried fan Kommissarissen (RfK) fan Omrop Fryslân. Meijer hat finânsjes as oandachtsgebiet yn de RfK. Ger Jaarsma is de nije foarsitter. De RfK bestiet fierder út Saakje Mulder en Lian Nijenhuis.

Edwin Meijer (berne yn Ljouwert yn 1969) is in bedriuwskundige mei romme finansjele, ekonomyske en kommersjele ekspertize. Hy hat de ôfrûne jierren wurksum west yn ferskate direksjefunksjes by de Rabobank, okkerdeis as Directeur Bedrijven by Rabobank Leeuwarden / Noordwest-Friesland. Hy begelate ûndernimmers om harren ambysjes te realisearjen en hy hat binnen de Rabobank grutte feroaringstrajekten laat. Ut syn koöperative eftergrûn wei wie hy ferantwurdlik foar de maatskiplike aginda fan de Rabobank. Meijer folge syn oplieding ûnder oare oan de HEAO yn Ljouwert, de RUG yn Grins, London Business School en Nyenrode.

RfK-foarsitter Ger Jaarsma: "Edwin is hikke en tein yn Fryslân en hat dêrtroch in soad gefoel by de Fryske taal en kultuer. Hy is finansjeel bedreaun en in teamspiler. In oanwinst foar de RfK fan Omrop Fryslân".

Nije foarsitter
Ger Jaarsma is de nije foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen. Hy is sûnt septimber 2010 lid fan de RfK fan Omrop Fryslân. Hy nimt it foarsitterskip oer fan Ton Baas dy't yn juny ôfskied naam fan de RfK. Baas wie sûnt septimber 2007 kommissaris by de Omrop.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)