Earste Johan de Jong-beam plante

19 nov 2021 - 09:50

Op sneon 27 novimber om 10.00 oere wurdt de earste Johan de Jong-beam plante en oanbean oan Johan de Jong. De beam komt te stean yn de tún fan it gemeentehûs yn Beetstersweach.

De beam
De Johan de Jong-beam is in earbetoan oan biolooch Johan de Jong. Hy hie 36 jier lang in wyklikse natuerrubryk by Omrop Fryslân op 'e radio, wêrfan tsientallen jierren op de sneontemoarn by Op & Ut. Johan de Jong mocht sels in beam en in plak útsykje. Hy hat keazen foar in linebeam, dy't plante wurde sil yn de monumintale tún fan it gemeentehûs fan Beetstersweach.

Ferfolch
Mei dizze beam betanket Omrop Fryslân Johan de Jong foar syn jierrenlange bydrages. Dêrmei hat hy minsken en natuer folle tichter byinoar brocht. Om sjen te litten hoe belangryk de natuer is én bliuwt foar de Omrop, sil tenei alle jierren in Johan de Jong-beam útrikt wurde foar it bêste partikuliere natuerinisjatyf fan Fryslân. De winner fan de priis mei sels in beamsoarte útkieze en ek bepale wêr't dy beam komt te stean. Omrop Fryslân docht dizze jierlikse wedstriid yn oparbeidzjen mei It Fryske Gea, Steatsboskbehear, Natuermonuminten en De Fryske Miljeufederaasje.

Ideeën wolkom
Alle partikuliere inisjativen en aksjes dy't te krijen hawwe mei natuerbeskerming en mei leafde foar de natuer yn Fryslân, komme yn de beneaming. De sjuery sil bestean út Johan de Jong (foarsitter) en twa fertsjintwurdigers fan de natuerorganisaasjes. Ideeën foar de priis fan 2022 kinne (oant en mei 30 april 2022) stjoerd wurde nei it adres beam@omropfryslan.nl. Ein maaie 2022 wurdt de winner fan de twadde beam bekend makke.

Feestlik momint
Túnman Klaas Piekstra, âld-radiokollega fan Johan de Jong, sil de beam plantsje. Boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân is oanwêzich by dit feestlike momint. De sjueryleden fan takom jier wurde dan ek bekendmakke.

Adres: Hoofdstraat 82, Beetstersweach
Tiid: 10:00 oere

Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Aukje de Hoop fia 058 - 299 7799. Boarnefermelding ôfbylding: Omrop Fryslân. Op de foto: Ingrid Spijkers en Johan de Jong.

(Advertinsje)