Dit binne de finalisten fan it Sjongfestival 2018

21 jun 2018 - 10:01

Wa wurdt dit jier de winner fan it Sjongfestival? Freed 29 juny komme wy dat te witten, want dan wurdt de grutte finale hâlden. Dit jier is alles oars as oars, grutter en mei nije eleminten. Sa wurdt de finale hâlden op it Wilhelminaplein yn Ljouwert en hawwe de skoallen de tekst fan harren liet sels skreaun. De finale begjint om 14.30 oere op it poadium fan CityProms.

Yn de finale steane 6 basisskoallen út Fryslân. Dy skoallen hawwe de audysjes trochstien en meie freed 29 juny stride om de winst.

De Kogge - Drylts - 'Kom mar by ús'
Eben Haëzer - Dokkum - 'It liet fan groep 7'
De Frissel - Drachtster Kompenije - 'Freonskip boppe'
Simon Havingaschool - Snits - 'De leukste klas van de school'
De Bonkelder - Wytmarsum - 'Ea sil ik gean'
De Mienskip - Bûtenpost - 'De Mienskip'

De saakkundige sjuery bestiet út sjongeres en sjongcoach Janneke Brakels, sjonger Wiebe Kaspers en sjongeres Nynke Laverman. De finale wurdt presintearre troch Raynaud Ritsma en Geartsje de Vries. Raynaud is bekend fan it skoaltelefyzjeprogramma Tsjek fan Omrop Fryslân. Geartsje is bekend as presintatrise by Omrop Fryslân.

De skoallen stride, lykas oare jierren, om de Karin de Jong wikselbokaal. Fierder is der in brûnzen, sulveren en gouden mikrofoan foar de nûmers 3, 2, en 1. De opdracht oan de skoallen wie dit jier om in eigen tekst te skriuwen. Foar de skoalle mei de moaiste tekst is der in tekstpriis. Wa't dy priis wûn hat, wurdt bekend makke yn de finale.

Noat foar de redaksje/útnûging foar de parse:
Wy nûgje jo fan herte út om op freed 29 juny de finale by te wenjen op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. De repetysjes begjinne om 12.30 oere en de finale begjint om 14.30 oere.

Wy stelle it op priis as jo yn it foar oan ús trochjouwe oft jo op de útnûging yngeane. Oanmelde kin (it leafst uterlik op tongersdei 28 juny) by de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân, tel. 058 299 78 60 / 06 31 59 02 12 of fia mk@omropfryslan.nl.

Foar mear ynformaasje kinne jo ek kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân.

(advertinsje)