Derbywykein by Omrop Fryslân

26 jan 2016 - 15:24

Foar de twadde kear dit seizoen is it tiid foar dé fuotbalwedstriid fan Fryslân: de Fryske derby. Yn in kolkjend en brûzjend Cambuurstadion nimt it giel blau fan SC Cambuur it snein 31 jannewaris op tsjin it blau wyt fan SC Hearrenfean. Omrop Fryslân is dêrby en docht live ferslach fan de Fryske derby. Ek de dagen foar de derby is der rom omtinken foar de spannende wedstriid.

Foar de sechsde kear nei de promoasje fan SC Cambuur nei de Earedivyzje steane de klubs tsjinoer inoar. Yn novimber 2015 waard it 2-0 foar de Feansters mar kommende snein leit alles noch iepen. Om 14.30 oere mei SC Cambuur yn eigen stadion revâns nimme.

Freed 29 jannewaris stiet it telefyzjeprogramma Bynt hielendal yn it teken fan de Fryske derby. Yn it spesjale ‘Derby kafee’ wurdt mei ferskate fuotbalkenners foarút sjoen op de wedstriid. Under oaren sportsjoernalist Frits Barend en grut SC Hearrenfean-fan Hans Anker skowe oan. Ek fuotballer Lucas Bijker komt del, hy wit as gjin oar hoe bot de derby spilet, hy makke dit seizoen nammentlik de pikante oerstap fan SC Cambuur nei SC Hearrenfean. Fierder oan tafel Foeke Booy, hy komt oarspronklik út Ljouwert en wie ûnder oare trainer by FC Utrecht en Go Ahead Eagles. Bynt Sport mei it Derby kafee is der fan 17.20 oere ôf en dêrnei alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje.

Snein 31 jannewaris docht Omrop Fryslân live ferslach fan de wedstriid op de radio. Foar en nei de wedstriid hâldt ferslachjouwer Arjen de Boer ynterviews mei minsken fan beide klups. Fan 14.30 oere ôf is de wedstriid live te folgjen, it kommentaar wurdt fersoarge troch Geert van Tuinen en Roelof de Vries. Jûns yn Hjoed in gearfetting fan de wedstriid mei reaksjes fan beide ploegen.

Alles oer de Fryske derby:
Freed 29 jannewaris om 17.20 oere, it Derby kafee fan Bynt Sport op Omrop Fryslân Telefyzje en online. Snein 31 jannewaris live ferslach fan de Fryske derby fan 13.00 oere ôf op radio, ynternet en de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)