'Denk het onmogelijke' oer keunstner Pieter Kooistra

12 okt 2020 - 12:01

De yn Ljouwert berne Pieter Kooistra wie net allinnich keunstner, mar ek wrâldferbetterder. Hy rjochte de Keunstútlien op en betocht it basisynkommen. Mei de Fryslân DOK 'Denk het onmogelijke' sketst dokumintêremakker Anne van Slageren in portret fan Pieter Kooistra. De ideeën dy't hy ein foarige iuw ûntwikkele, binne ek no aktueel.

"Wees realistisch. Denk het onmogelijke." It binne de wurden fan keunstner Pieter Kooistra (1922-1998). Hy woe de ûngelikense ferdieling fan de wolfeart yn de wrâld en de ferneatiging fan de planeet stilsette. "Hij was een visionair", sa stelt Annemieke Roobeek, heechlearaar oan de Nyenrode Business Universiteit. Nei it sjen fan hongerjende bern yn India begriep Pieter Kooistra dat keunst, dat er omskriuwt as 'it geastlike', net sûnder 'it materiële' kin. Hy gie op reis en betocht in plan foar in wrâld-basisynkommen. Ekonoom Annemieke Roobeek foarseit no: "Een basisinkomen voor iedereen gaat ooit bij onze tijd en de wereld horen." Sy sjocht dêrby sels in rol weilein foar de Europese Centrale Bank.

Yn de Fryslân DOK 'Denk het onmogelijke' giet Brigitta Scheepsma, fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn Tytsjerksteradiel, op syk nei de minsk Pieter Kooistra en syn ideeën. Yn it Veerhuis aan de Waal yn Varik, dêr't Kooistra wurke, moetet se Henry Mentink, dy't it gedachteguod fan Pieter Kooistra libben hâlde wol. Se besiket Skylge, dêr't Kooistra in alternative fakânsjekoloanje opsette. Syn eardere leafde Trees Niekus fertelt oer syn drive: "Hij was niet te stoppen."

Fryslân DOK: 'Denk het onmogelijke', in portret fan Pieter Kooistra
Sneon 17 oktober, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 18 oktober 13.10 oere)
Snein 18 oktober, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).

(advertinsje)