Deistich regioblok fan Omrop Fryslân op NPO 2

25 mrt 2019 - 10:48

Trije regionale omroppen, wêrûnder Omrop Fryslân, en de NPO begjinne op 1 april mei in proef mei in regioblok. Dêrby is yn harren regio in 5 minuten duorjend regiosjoernaal te sjen is op NPO 2. Nei it NOS Journaal fan 18.00 oere sil yn Fryslân 'Kijk op Fryslân' te sjen wêze. In programma mei regionaal nijs út Fryslân makke troch Omrop Fryslân. Dêrmei is in koart oersjoch fan it Fryske nijs ek alle wurkdagen op de lanlike stjoerder te sjen.

Mei de regiofinsters bringe we regionale sjoernalistyk noch tichter by in grutter publyk. Yn 'Kijk op Fryslân' is yn Fryslân in koarte ferzje te sjen fan it Fryske nijs. Mear nijs en eftergrûnen binne te sjen yn it programma Fryslân Hjoed, op telefyzje by Omrop Fryslân.

Yn Fryslân is de pilot foarearst allinnich te sjen by minsken dy't Ziggo of Kabel Noord hawwe. Sjoggers fan oare distributeurs krije op dat momint in gearfetting fan al it regionijs út it hiele lân te sjen. Neist Omrop Fryslân dogge ek Omroep Gelderland en RTV Rijnmond mei oan de proef. It giet om in gearwurking tusken NPO, RPO en in tal kabelmaatskippijen

Nei trije moanne wurdt de proef evaluearre. Dêrby wurdt ek de miening fan de sjogger frege. It ynfieren fan in regionaal nijsfinster stiet fermeld yn it regearakkoart fan it kabinet Rutte III. Mear ynformaasje is te finen op over.npo.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)