Dei fan it Fryske wurd

10 sep 2015 - 14:29

Sneon 19 septimber by Omrop Fryslân

It wurdt tiid foar in posityf sinjaal oer it Frysk. Dat fine de meiwurkers fan Omrop Fryslân. Sy wolle dat positive sinjaal ôfjaan omdat de Fryske taal yn bygelyks it ûnderwiis, de rjochtbank en by de Omrop sels ûnder druk stiet. Dêrom organisearje de meiwurkers op sneon 19 septimber de ‘Dei fan it Fryske wurd’.

In dei dy’t yn it ramt stiet fan de Fryske taal en de minsken dy’t fan it Frysk hâlde. De ‘Dei fan it Fryske wurd’ fynt plak yn de tún foar it gebou fan Omrop Fryslân oan de Suderkrúswei 2 yn Ljouwert. De dei is dan ek in inisjatyf fan de meiwurkers fan Omrop Fryslân. It hiele programma wurdt live útstjoerd op Omrop Fryslân radio, televyzje en ynternet.

Oan de ‘Dei fan it Fryske wurd’ docht in ferskaat fan Fryske skriuwers, dichters, bestjoerders, en politisy mei. Ek wurdt der muzyk spile. Under oaren De Kast, Lytse Hille, Fjouwer Trûbadoers, Anneke Douma en shantykoar De Pikbroeken binne oanwêzich om harren Fryske muzyk hearre te litten.

Muzykprogramma:
13.00 – 13.30 De Kast
14.00 – 15.00 Lytse Hille
15.00 – 16:00 Fjouwer Trûbadoers
16.00 – 17.00 Anneke Douma
17.00 – 18.00 Shantykoar De Pikbroeken

Njonken promininte Friezen komme ek ynwenners fan Fryslân oan it wurd om te fertellen wat it Frysk foar har betsjut. Dêrom is elk útnoege om del te kommen en stelling te nimmen foar de Fryske taal.

Sneon 19 septimber wurdt de ‘Dei fan it Fryske wurd’ live útstjoerd op Omrop Fryslân radio, televyzje en ynternet fan 13.00 oant 18.00 oere. It programma is ek te folgjen fia de livestream op de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)