De Winterwiken by Omrop Fryslân

15 des 2014 - 15:16

‘Weromsjen, wille en waarmte’ op radio, televyzje en ynternet


Dizze winter stiet de programmearring by Omrop Fryslân yn it ramt fan de Winterwiken, weromsjen, wille en waarmte. Fan sneon 20 desimber oant en mei snein 4 jannewaris bringt de Omrop in ôfwikseljende programmearring mei programma’s dy’t weromsjogge op it ôfrûne jier, dêr’t jo wille oan belibje kinne en dêr’t jo in waarm gefoel by krije.

Weromsjen op 2014 dogge wy op omropfryslan.nl, de apps en ús sosjale mediakanalen op basis fan de meast lêzen berjochten. Yn in jieroersjoch binne per moanne de belangrykste, aardigste en opfallendste nijs- en sportsaken fan it ôfrûne jier werom te finen. Oerdeis hat Omrop Fryslân de hiele Winterwiken lang Winterwiken-TV, mei in grut ferskaat oan hichtepunten fan it ôfrûne jier. Sa kinne jo bygelyks op freed 2 jannewaris sjen nei de moaiste mominten fan Hea! en binne de hichtepunten fan it dit sport- en nijsjier op in rychje setten.

Wille is ûnder oare te belibjen mei de foarstelling ‘Juster is fuort’ fan Hilly Harms, Popke van der Zee en Bouke Oldenhof, Omrop Fryslân hat de foarstelling opnaam en stjoert him yn twa dielen út, op moandei 29 en tiisdei 30 desimber.

Waarmte wol de Omrop oerbringe mei moaie muzyk op radio en televyzje, bygelyks fan it Frysk Sjongers Gala mei Die Twa, Tet Rozendal, Gurbe Douwstra, Anneke Douma, Griet Wiersma, Piter Wilkens en oaren, op 31 desimber en 1 jannewaris. Fierders it Krystkonsert fan it Frysk Fanfare Orkest en Koarbizznizz dat op 25 en 26 desimber útstjoerd wurdt. Foar noch mear krystmuzyk is de online-radiostjoerder Kryst mei Douwe beskikber op www.krystmeidouwe.nl.

Fansels is de Fryske Top 100 dit jier ek wer ien fan de hichtepunten fan de Winterwiken. De Fryske Top 100 wurdt útstjoerd op âldjiersdei. Mar earst moat de list fansels gearstald wurde troch de minsken thús. Stimme kin noch oant en mei twadde krystdei op www.frysketop100.nl of telefoanysk op de dei sels.
Sjoch foar mear programma-ynformaasje op www.omropfryslan.nl.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)