De Stormruiter by Omrop Fryslân en Omroep MAX

13 jul 2018 - 07:57

De Stormruiter sil ein dit jier te sjen wêze by Omrop Fryslân. Sa kin elkenien dy't it hynstespektakel misse moast en besikers dy't noch in kear neigenietsje wolle it stik besjen. Foar de registraasje fan it teäterspektakel, dat yn septimber en oktober opfierd wurdt, wurket Omrop Fryslân gear mei Omroep MAX.

Regisseur Jos Thie oer de registraasje fan De Stormruiter: ''Fijn dat, neist de besikers, noch mear minsken yn hiel Nederlân kennis meitsje kinne mei it moaie ferhaal fan De Stormruiter.''

Haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân is optein oer de nije gearwurking: "Dat Omroep MAX meidwaan wol, betsjut dat wy mear mooglikheden en middelen hawwe om in prachtige registraasje fan De Stormruiter te meitsjen. Gearwurking op syn bêst!" Ek Omroep MAX direkteur Jan Slagter jout oan út te sjen nei de oankommende gearwurking: ''Na het succesvolle Skûtsje Journaal te hebben uitgezonden in samenwerking met Omrop Fryslân, belooft ook De Stormruiter een prachtig project te worden.''

It ferhaal fan De Stormruiter giet oer de ivige striid fan Nederlân tsjin it wetter en de bysûndere ûntsteansskiednis fan it Fryske hynsteras. Yn it teäterstik binne rollen foar ûnder oaren Ellen ten Damme, Jelle de Jong, Freark Smink, Hilbert Dijkstra, Joop Wittermans en mear as hûndert Fryske hynders.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)