De Stormruiter en it Frysk Sjongers Gala

17 des 2018 - 14:30

De feestdagenprogrammearring by Omrop Fryslân

Yn de krystfakânsje binne by Omrop Fryslân meardere bysûndere programma's te sjen. Sa is de populêre teäterfoarstelling De Stormruiter dizze krystdagen yn twa dielen te sjen en kinne minsken op 27 en 28 desimber genietsje fan it Frysk Sjongers Gala.

De Stormruiter wie mei sa'n 100.000 besikers ien fan de populêrste foarstellingen fan LF2018. Foar de registraasje fan De Stormruiter waarden acht kamera's yn de teäterarena pleatst. Mei úteinlik 16 opnamebannen begûn dêrnei in 'monstermontaazjeklus'. It resultaat is dizze krystdagen yn twa dielen te sjen by Omrop Fryslân: earste krystdei fan 17.00 oere ôf en twadde krystdei fan 18.15 oere ôf.

It Frysk Sjongers Gala is ek by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. It muzykfeest dêr't it Fryske liet sintraal stiet hat dit jier as tema 'multykultureel'. Gefoelige lieten, de echte meisjongers, âld en nij wurk yn in ferrassend jaske. De artysten yn dizze edysje fan it Frysk Sjongers Gala binne Griet Wiersma, Piter Wilkens, Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Basile Maneka, Denise Rivera. Andries de Vries, Ineke Dijkstra, Marjo de Bruin en Di Gojim. Meiswinge kin yn twa dielen op tongersdei 27 en freed 28 desimber fan 17.15 oere ôf.

En mear
Moandei 24 desimber: It geheim fan de Deelen
Moandei 31 desimber: Fryske top 100
Tiisdei 1 jannewaris: It bêste fan LF2018
Woansdei 2 jannewaris: It bêste fan Hea!
Tongersdei 3 en freed 4 jannewaris: Ronald Smink, Out of the box (kabaret)

Sjoch foar de folsleine programmearring of ynformaasje oer programma's op Omropfryslan.nl/tv. Ek op radio wurde om de feestdagen hinne tal fan spesjale programma's útstjoerd. Sjoch foar dat alles op Omropfryslan.nl/radio.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

(advertinsje)