‘De Stim fan’, de ferkiezings by Omrop Fryslân

03 feb 2017 - 16:06

Hiel Nederlân mei op 15 maart wer nei de stimbus. Yn de oanrin nei de ferkiezings komt Omrop Fryslân mei de ferkiezingsrige ‘De Stim fan’, it ‘Noordelijk Lijsttrekkersdebat’ en spesjale útstjoeringen fan ‘Buro de Vries’.

De Stim fan
Elkenien in Fryslân hat in stim by de Twadde Keamerferkiezings en fan 8 febrewaris ôf binne dy stimmen te hearren op Omrop Fryslân yn de spesjale ferkiezingsrige ‘De Stim fan’. Omrop Fryslân wol witte wat der ûnder de Friezen libbet en ferslachjouwers sille op ‘en paad om de mieningen te peilen. Wat fine sy fan wat der allegearre bart yn Nederlân?

Fan 8 febrewaris ôf op de radio yn it programma ‘Fryslân fan ‘e moarn’, op telefyzje yn Fryslân Hjoed en op Omropfryslan.nl/ferkiezings.

Noordelijk Lijsttrekkersdebat
Omrop Fryslân iepenet, yn gearwurking mei RTV Noord, RTV Drenthe en it ‘Samenwerkingsverband Noord-Nederland’, de ferkiezingsperioade op woansdei 8 febrewaris mei it ‘Noordelijk Lijsttrekkersdebat’. Hast alle grutte lanlike partijen dogge mei oan it debat. De presintaasje fan it debat leit yn hannen fan Ferry Mingelen, Remy van Mannekes (RTV Noord) en Eric Ennema (Omrop Fryslân).

It ‘Noordelijke Lijsttrekkersdebat’ is op woansdei 8 febrewaris fan 14.30 oere ôf te sjen op telefyzje. It debat wurdt werhelle op deselde dei om 18.40, 20.40 en 22.40 oere.

Buro de Vries
Snein 12 maart hâldt Buro de Vries fan 11.00 oant 13.00 oere in ferkiezingsdebat mei Fryske kandidaat-Keamerleden. It programma is dan ek live te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De presintaasje is yn hannen fan Simone Scheffer en René Koster. Under oaren Jacques Monasch (Nieuwe Wegen), Jan Dijkgraaf (GeenPeil), Harry van der Molen (CDA) en Max Aardema (PVV) sille mei-inoar yn debat gean. Van 19 februari ôf is alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere yn it programma ‘De Stimwizer’ te hearren, wêryn’t mei bekende Friezen stimwizers ynfolle wurde. Dat wurdt dien mei ûnder oaren: skûtsjeskipper Douwe Visser, sjongeres Griet Wiersma en ûndernimmer Jaap Kingma.

Njonken de spesjale ferkiezingsprogramma’s besteget Omrop Fryslân yn It Polytburo en de ferskate aktualiteitenprogramma’s op radio en telefyzje wiidweidich omtinken oan de ferkiezings. Op de ferkiezingsdei sels, woansdei 15 maart, docht Omrop Fryslân nei it sluten fan de stimbussen, live ferslach op Omropfryslan.nl. Op tongersdei 16 maart binne alle útslaggen en analyzen te hearren yn de aktualiteitenprogramma’s op ‘e radio en yn Fryslân Hjoed op telefyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje: 058 299 7876 of mei Sybren Terpstra, einredakteur Omrop Fryslân: 06 120 704 52

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)