De Simmer yn Fryslân-loop live by Omrop Fryslân

11 sep 2015 - 09:28

Snein 13 septimber, út Burgum wei

Mear as 150 dielnimmers steane kommende snein oan de start fan de Simmer yn Fryslân-loop yn Burgum. Omrop Fryslân folget de dravers, live op radio, televyzje en ynternet.

De Simmer yn Fryslân-loop is it slotstik fan it trettjin wiken duorjend hurdrinprogramma Fit mei Femke fan Omrop Fryslân. Yn 36 podcasts, ynsprutsen troch Femke de Walle en mei soarchfâldich útkeazen muzyk koe elkenien fergees meitraine om harren kondysje te ferbetterjen om sa’n 30 minuten efter elkoar drave te kinnen, wat delkomt op sa’n 5 kilometer.

De Simmer yn Fryslân-loop is 5 kilometer lang en ûnderdiel fan de BurgumRun, dy’t op deselde dei in parkoers lizzen hat foar dielnimmers dy’t 10 en 16 kilometer rinne wolle. Ek is der in kids-run fan 2,5 kilometer. It hiele spektakel is live te folgjen fan 11.00 oant 16.00 oere by Omrop Fryslân op radio, televyzje en ynternet.

In kameraman dy’t de dravers op de motor folget is ûnderdiel fan it programma. De kameraman sil ûnder oare filmje hoe’t Femke de Walle sels de loop folbringt. Om 15.30 oere wurde der in oantal prizen útrikt troch Syb van der Ploeg.

In kompilaasje fan de dei wurdt op televyzje útstjoerd om 17.20 oere. Fan 18.40 oere ôf wurdt de kompilaasje alle oeren werhelle. It programma is ek te folgjen fia de livestream op de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)