De searje ‘Underdûkt yn Fryslân’ foar 75 jier frijheid

14 apr 2020 - 08:28

Yn de Twadde Wrâldoarloch fûnen tûzenen ûnderdûkers by Fryske famyljes in feilich hinnekommen: Joaden, alliearde piloaten, fersetsminsken en manlju dy't wegeren om te wurkjen yn de Dútske oarlochsyndustry. 'Underdûkt yn Fryslân' jout in unyk byld fan de Fryske help oan ûnderdûkers. Ta gelegenheid fan 75 jier frijheid bringt Fryslân DOK de trijedielige searje nochris op 'e telefyzje.

Yn de twadde helte fan de oarloch ûntstie yn Fryslân in yllegaal netwurk foar help oan ûnderdûkers. In komplekse operaasje, dy't yn it grutste geheim plakhie. In soad minsken droegen harren stientsje by. Foaral yn de doarpen wist hast elkenien wol wêr't de ûnderdûkers sieten. Der waard in 'cocon' om de ûnderdûkers hinne lein. Sa waarden hiel wat minsken rêden út 'e hannen fan de besetter.

It trijelûk 'Underdûkt yn Fryslân' is yn 2017 makke troch Gerard van der Veer, yn gearwurking mei Tresoar en Omrop Fryslân. Ynformatyf, mei bysûndere filmopnamen en foto's. En persoanlik, troch de ynterviews mei ûnderdûkers en oare belutsenen.

Diel ien giet oer de smokkelrûtes fan Joadske bern fan Amsterdam nei Fryslân. Ien fan dy bern wie Lea Tropp. Sy kaam as famke by in bakkersfamylje yn Abbegea telâne. Mei har ûnderdûksuskes Klaske en Annie fertelt sy oer dy tiid.

Yn diel twa de spesjale rol fan de Fryske belestingtsjinst. Under lieding fan belestingynspekteur Jan Evenhuis fan Ljouwert slûze it personiel fan Fryske belestingkantoaren miljoenen gûnen troch nei it ferset, foar de help oan ûnderdûkers. In opfallende fersetsaksje yn de Nederlânske oarlochsskiednis, dy't Evenhuis en oare fersetsminsken úteinlik mei de dea bekeapje moasten.

De knokploegen dy't distribúsjekantoaren, gemeentehuzen en suvelfabriken oerfoelen, stean sintraal yn diel trije. In spesjale rol is weilein foar 'De Drogist' Gerard Reeskamp. Under syn lieding soarge de knokploech fan Súdwest-Fryslân foar de finansiering en itensfoarsjenning fan ûnderdûkers.

Fryslân DOK 'Underdûkt yn Fryslân'
Diel 1:
Sneon 18 april, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 19 april 13.10 oere).
Snein 19 april, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).

Diel 2:
Sneon 25 april, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 26 april 13.10 oere).
Snein 26 april, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).

Diel 3:
Sneon 2 maaie, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 3 maaie 13.10 oere).
Snein 3 maaie, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).

(advertinsje)